Kanada: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: zh-min-nan:Ka-ná-tāi
Mjbmrbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - oars: zh-min-nan:Canada
Rigel 301: Rigel 301:
[[zh-classical:加拿大]]
[[zh-classical:加拿大]]
[[zh-yue:加拿大]]
[[zh-yue:加拿大]]
[[zh-min-nan:Ka-ná-tāi]]
[[zh-min-nan:Canada]]

De ferzje fan 25 mrt 2011 om 19.58

Canada
Flagge fan Kanada Wapen fan Kanada
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kanada
Offisjele taal Ingelsk en Frânsk
Haadstêd Ottawa
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
Gebiet
% wetter
9.984.670 km²
8,62%
Ynwenners (2006) 31,6 miljoen
Munt Kanadeeske dollar (CAD)
Tiidsône UTC -3,5 oant -8
Nasjonale feestdei 1 july
Lânkoade CAN
Ynternet .ca
Tillefoan 1

Kanada is in lân yn Noard-Amearika fan de Feriene Steaten. Oan de noardkant leit de Arktyske Oseaan en yn it easten de Atlantyske Oseaan. Oan de westkant fan Kanada leit yn it suden de Stille Oseaan en yn it noarden Alaska, ien fan de Feriene Steaten. De haadstêd fan Kanada is Ottawa; oare grutte stêden binne Montreal, Toronto, Fankoever, Calgary, Edmonton, Kebek, Winnipeg, Hamilton, London, Kitchener en Halifiks.

Geografy

De steat Kanada beslacht likernôch 41% fan it Noard-Amerikaanske kontinint en is nei Ruslân it twadgrutste lân fan de ierde. In part fan Kanada leit boppe de poalsirkel en it regear rekkenet it gebiet tusken 60° W en 141° W oant de noardpoal ta as sines, lykwols binne dêr gjin ynternasjonale ôfspraken oer makke. De westkust fan Kanada grinzet oan de Grutte Oseaan, de eastkust oan de Atlantyske Oseaan. It noardlikste bewenne plak yn Kanada, en dat fan de ierde, is Alert op it eilân Ellesmere, sa'n 834 kilometer ûnder de noardpoal. It meast súdlike part leit sawat op 'e selde hichte as it noarden fan Itaalje. De befolkingstichtens fan Kanada is likernôch 3,5 minske de fjouwerkante meter en hat dêrmei ien fan de leechste befolkingstichtens fan de wrâld. De Mackenzie River is 4241 km lang en is de langste rivier fan Kanada. De berch Mount Logan (5959 m), yn it territoarium Yukon oan de grins mei de Amerikaanske dielsteat Alaska, is it heechste punt fan Kanada.

Geakundich kin Kanada it bêst yn fiif lânsdielen skieden wurde.

  • De Arktis yn it noarden,
  • It Kanadeeske Skyld (berchgebiet) yn it easten,
  • It lege midden,
  • Marregebiet yn it suden fan Ontario,
  • Westlike berchgebiet mei de Rocky Mountains.

Skiednis

Om-ende-by 12000 f. Kr. arrivearren de earste minsken, de foarâlden fan de tsjintwurdige Inuit en Yndianen yn Noard-Amearika oer de Beringlânbrêge tusken Sibearje en Alaska . De Dorset-beskaving is ien fan de wichtichste kultueren út de Kanadeeske Stientiid.

Neiboude Wytsing-delsetting yn L'Anse-aux-Meadows

Goed fiif ieuwen foardat Kristoffel Kolumbus Amearika ûntdekt, hawwe de Wytsingen yn Kanada al foet oan wâl set. Bjarni Herjolfsson moat yn 986 de kuststripe fan Nijfoundlân en Labrador ûntdekt ha en om it jier 1000 stifte de Yslânske Wytsing Leifur Eiriksson mei 35 manlju in lytse delsetting tichtby it tsjintwurdige L'Anse aux Meadows (Nijfoundlân). Sy neamden it nije lân Wynlân. Om net bekende reden is dizze delsetting ferlitten en hat de kolonisearring fan de Wytsingen him net trochset.

Nei de nije ûntdekking fan Amearika troch Kolumbus waard Kanada ynearsten troch de Frânsken ferkend en kolonisearre. Sy neamden it gebiet "Nij Frankryk". Nei de Frânske en Yndiaanske oarloch yn 1763 kaam it gebiet alhiel yn Britske hannen. Tidens de Kriich fan 1812 tusken Ingelân en de Feriene Steaten waarden op Kanadeeske boaiem inkele wichtige fjildslaggen levere.

Kanada yn syn tsjintwurdige foarm ûntstie op 1 july 1867 doe't Boppe-Kanada (Ontario) en Neder-Kanada (Kebek) mei inoar feriene waarden yn de Dominion of Canada mei John A. Macdonald as earste minister-presidint fan Kanada. Oant 1932 as it Statuet fan Westminster troch it Britske Parlemint oannommen waard, hie Kanada mar beheinde selsstannigens en pas yn 1982 einige it lêste restje Britske kontrôle oer it lân.

Yn sawol de Earste as yn de Twadde Wrâldkriich leveret Kanada oan de side fan de alliearden in wichtige bydrage. Yn it tiidrek nei de oarloch wikselje lange perioaden fan liberale kabinetten en koartere riten mei konservative regearings elkoar ôf. Kanada hat oer in hechte ekonomyske bân mei de oanswettende Feriene Steaten, alhoewol't it op polityk flak faak fan miening ferskilt mei de FS.

Demografy

Befolking

It meastepart fan de ynwenners fan Kanada wennet yn in stripe fan 200 kilometer by de grins mei de Feriene Steaten lâns. De gebieten noardlik dêrfan binne tin befolke en de noardlike territoria wurde amperoan bewenne. De ynwenners fan Kanada wurde Kanadezen neamd.

Fanâlds bestie de befolking út Inuit en Yndianen. Letter kamen grutte groepen Ingelsktalige en Frânsktalige ymmigranten út Jeropa. De Frânsktalige bewenners foarmen yn de provinsje Kebek de mearderheid en dêr is it Frânsk de (ienige) offisjele taal.

Kanada hat altyd in ymmigraasjelân west en har befolking komt út ferskate lannen. Yn het westen hawwe in soad Oekraïners har ta wenjen setten. Op in soad plakken binne ek Nederlânsktalige ymmigranten te finen, dy't der foaral yn de jierren nei de Twadde Wrâldkriich hinne gien binne. Ek út Aazje wei binne in soad nei Kanada komd, benammen nei de westkust dêr't in soad Kanadezen fan Sineeske komôf wenje. Yn de tachtiger en njoggentiger jierren binne in protte Sinezen út Hongkong nei Fankûwer ferfard. Yn Kebek binne mienskippen út Haïty en Frânsktalich Afrika.

Sjoch ek: Kanadeeske Arktyske eilannen

Taal

Yn Kanada binne it Ingelsk en it Frânsk de offisjele talen. Offisjeel is Kanada twatalich, lykwols is dêr yn de westlike provinsjes net folle fan te fernimmen, omdat it Ingelsk dêr de fiertaal is. De provinsje Kebek is alhiel Frânsktalich, de Kwebekois sprekke in fuortsetting fan it Frânsk, in patois fan de 17e en 18e ieu. Sûnt de sechstiger jierren hat him in skerpe politike skieding ûntwikkele tusken it Frânstalige Kebek en de Ingelsktalige provinsjes. Der wie sels sprake fan dat de provinsje Kebek har ôfskiede soe fan Kanada. Referenda dy't hjir oer holden waarden, waarden amperoan ôfwiisd.

Yn de provinsjes Nij Brunswyk, Ontario en Manitoba en Nijfoundlân wurde troch minderheden Frânsk praat. Nij Brunswyk is de ienige offisjele twatalige provinsje.

Provinsjes

Kanada bestiet út 10 provinsjes en 3 territoariums.

De provinsjes ûntliene harren rjochten en macht oan de grûnwet. De tsien provinsjes binne:

De territoariums binne gebieten dêr't net folle minsken wenje. Hja wurde troch de regearing fan Kanada bestjoerd; harren macht wurdt delegearre troch it regear. De trije territoariums binne:

Sjoch ek: Kanadeeske Arktyske eilannen

Ekonomy

Op ekonomysk mêd buorket Kanada goed. It BYP yn 2007 wie omrekkene nei Amerikaanske Dollars 1.432,14 miljard. Trijefearnspart fan de befolking wurket yn de tsjinstesektor. De lânbou sektor is relatyf lyts krekt as de yndustry sektor.

Mei 24 miljard ton ierdgas is Kanada de twadgrutste ierdgas leveransier nei Saûdy-Araabje

Nijsgjirrich

  • Montreal is nei Parys de twadgrutste Frânsktalige stêd op de wrâld.

Berjocht:Link FA