Karl Marx: ferskil tusken ferzjes
L r2.7.1) (Bot - oars: th:คาร์ล มากซ์ |
L r2.7.1) (Bot - oars: th:คาร์ล มาร์กซ์ |
||
Rigel 139: | Rigel 139: | ||
[[te:కార్ల్ మార్క్స్]] |
[[te:కార్ల్ మార్క్స్]] |
||
[[tg:Карл Маркс]] |
[[tg:Карл Маркс]] |
||
[[th:คาร์ล |
[[th:คาร์ล มาร์กซ์]] |
||
[[tl:Karl Marx]] |
[[tl:Karl Marx]] |
||
[[tr:Karl Marx]] |
[[tr:Karl Marx]] |
De ferzje fan 24 mrt 2011 om 14.49
Karl Heinrich Marx (Trier, 5 maaie 1818 - Londen, 14 maart 1883) wie in Dútsk ekonoom en polityk filosoof en de grûnlizzer fan it marksisme.
Marx wurdt sjoen as de heit fan it sosjalisme, en de skepper fan it begryp marksisme. Yn de 20e ieu waard er dêrom yn de keunst fan de Warsjaupaktlannen ôfbylde, tegearre mei Friedrich Engels en Vladimir Lenin, as ien fan de trije heiten fan it kommunisme. Karl Marx wie ynspirearre troch Georg Hegel; lykwols seach er, yn stee fan idealisme, materialisme as it wichtichste motyf.
Karl Marx studearre oan de universiteiten fan Bonn, Berlyn en Jena. Yn 1842 waard er redakteur by de Rheinische Zeitung, mar yn 1843 waard er foar syn krityske skriuwen twongen it wurk op te jaan. Marx gong nei Parys, dêr't er yn kontakt kaam mei Friedrich Engels. Yn 1845 waard er lykwols út Parys ferbanne út reden fan revolúsjonêre aktiviteiten, en yn 1847 út deselde reden út Belgje. Nei't er yn 1849 ferbanne waard út Dútslân en Frankryk libbe Marx as banling yn Londen oant syn dea op 14 maart 1883. Nei syn dea waarden ferskate ûnpublisearre wurken troch Friedrich Engels ree makke foar publikaasje en útjûn.
Bibliografy
Karl Marx skreau ûnder oaren:
- Communist Manifesto (1847) (Kommunistysk Manifest), tegearre mei Friedrich Engels.
- Das Kapital (1867) (It kaptaal).