Wurkhûs: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.5.2) (Bot - derby: zh:济贫院
L r2.7.1) (Bot - derby: pt:Workhouse
Rigel 22: Rigel 22:
[[fr:Workhouse]]
[[fr:Workhouse]]
[[no:Arbeidshus]]
[[no:Arbeidshus]]
[[pt:Workhouse]]
[[ru:Работный дом]]
[[ru:Работный дом]]
[[sv:Arbetshus]]
[[sv:Arbetshus]]

De ferzje fan 12 mrt 2011 om 22.22

In wurkhûs is in tuskenfoarm fan earmhuzen oan de iene kant en tichthuzen oan de oare kant. Der wie in ferplichting om te arbeidzjen foar minsken dy't earm wienen en teffens sûnder wurk sieten. It prinsipe fan de wurkferskaffing en dêrtroch kostwinning leit yn de namme fan it 17e ieuske gestichtstype opsluten: Tucht- én Wurkhûs.

Op basis fan frijwillichheid fan betrokkenen barde dit pas yn de 18e en 19e ieuske wurkhuzen of 'wurkynrjochtingen foar earmen.' Guon Fryske earmhuzen wienen tagelyk wurkhuzen wylst de spinhuzen fan Warkum, Boalsert, Snits en Harns dit type it suverst fertsjintwurdigen, yn tsjinstelling mei it Hollânske 'spinhuis' dat in frouljusfinzenis wie. Mar it Ljouwerter tichthûs wie wol in echt wurkhûs.

Yn Frjentsjer wie it earmhûs teffens wurkhûs 'om allerlei handwerken in te oefenen'.
Yn Harns krige it wurkhûs by de oprjochting daliks al de namme fan spinhûs, spinfabryk en katoen- en himpspinnerij, wêryn ek bern en âldere minderjierrigen, dy't oars bidlen, te wurk steld waarden 'om tot de gewoonte van een eerlijke arbeid, opgeleid te worden.'
Yn Boalsert hiet it wurkhûs 'wurk- of spinhûs'; it bestie fan 1796-1870.
Yn Ljouwert wie soksoarte inisjatyf al earder nomd troch de oprjochting fan it stedswurkhûs oan de Hoek, dêr't ek it spinnen de foarnaamste arbeid wie oant der yn 1715 ek in sideweverij yn ûnderbrocht waard. Alles foar wurkferskaffing, yn leanarbeid en ta bestriding fan bidlerij.
Sels yn doarpen as It Hearrenfean en Balk wienen foar 1700 al spinhuzen of wurkhuzen. Yn 1834 waard it Ljouwerter Wurkhûs ferboud en útwreide foar teminsten 200 persoanen dy't dêr spinne, weve en oare arbeid diene.
Yn Snits waard it dêr yn 1746 oan it Suurend oprjochte Stêdsspinhûs ek troch spinbazen eksploitearre. Earst waard der seildoeksjern spûn; yn 1749 frege men bûnt- en boezelreders om de wollen jernsoarten yn it spinhûs spinne te litten.
Yn Warkum is yn 1757 de gasthûstsjerke ta spinhûs en stedspakhûs ferboud.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: