Sassingastate: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
boarne: states en stinzen.nl
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 mrt 2011 om 19.44

Sassinga State wie in state oan de Sassingawei nr. 15 yn Hinnaard. De state bestie al yn 1529.

Sassingastate hearde begjin 1800 ta oan Jhr. Frans Julius Johan van Eijsinga. It âlde slot wie doe al feroare yn in pleats en ferhierd. Foar 1798 waard de pleats ferhierd oan Hilbrand Rintjes. Dêrnei hiert Jan Douwes (Boschma) fan 1798 - 1816 de Boschpleats (Sassingastate). By de state wie in boask dat ein 18e ieu weihelle waard. Yn 1914 is de pleats ôfbaarnd en de poarte ôfbrutsen, de pleats is doe eastliker wer opboud mar op de homeiepeallen stiet noch altiten "sassinga-state" te lêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: