Ferskil tusken ferzjes fan "Heinrich Schliemann"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
Botgeholpen doorverwijzing: Sorbonne - Verwijzing(en) gewijzigd naar Universiteit fan Parys
L (r2.5.2) (Bot - derby: lv:Heinrihs Šlīmanis)
L (Botgeholpen doorverwijzing: Sorbonne - Verwijzing(en) gewijzigd naar Universiteit fan Parys)
Schliemann waard berne as soan fan in [[dûmny]] en makke sels karriêre as hanneler. Yn 1841 waard hy op hannelsmissy nei [[Fenezuela]] stjoerd, mar liede skipbrek foar de [[Nederlân]]ske kust, en waard hanneler foar in [[Amsterdam]]ske firma. Yn 1846 waard hy de agint fan de firma yn [[Sint Petersburch]], yn [[Ruslân]]. Hy wie dêrby sa suksesfol dat hy it jier derop syn eigen hannelsfirma oprjochtsje koe. Under mear yn it [[Kalifornje]] fan de [[goudkoarts]] en yn de [[Krimoarloch]] wreide hy syn kapitaal noch iens tige út.
 
Yn 1864 luts Schliemann him út de hannel werom. Hy makke in wrâldreis, studearre oan de Universiteit fan [[Universiteit fan Parys|Sorbonne]], en yn [[1868]] besocht hy [[Grikelân]] en [[Turkije]]. Nei eigen sizzen seach hy Pınarbaşi oan, dat op dat stuit troch de measte eksperts foar [[Troje]] holden waard, besleat dat it net mei de [[Ilias]] oerien kaam, en socht ferfolgens nei in bettere kandidaat, dy't hy fûn yn de foarm fan Hisarlık. Of dat ek yn wurklikheid sa gongen is, is net wis, it is ek mooglik dat it net Schliemanns eigen fêststellings wienen, mar dat er troch [[Frank Calvert]] oerhelle is om by Hisarlık sykjen te gean.
 
Yn alle gefallen, nei inkele proefopgravings yn 1870, begûn Schliemann yn [[1871]] mei de opgravings yn Hisarlık, dat yndied Troje blykte te wêzen. Hy die ferskate opwinende fynsten, de meast ferneamde dêrfan is de '[[goudskat fan Priamus]]', dy't ûnterjocht troch Schliemann sa neamd waard - yn werklikheid wie de laach dêr't hy sels fan tocht dat it Troje wie, fan de [[Trojaanske Kriich]], mear as 1000 jierren âlder. Hy fûn dizze laach tsjin de ein fan syn earste rige opgravings yn Troje, yn [[1873]].
12.360

bewurkings

Navigaasjemenu