Springe nei ynhâld

Rottumereach: ferskil tusken ferzjes

50 bytes grutter ,  11 jier lyn
L
Botgeholpen doorverwijzing: Skiermûntseach - Verwijzing(en) gewijzigd naar Skiermûntseach (eilân)
L (Bot - derby: it:Rottumeroog; tekstwiziging)
L (Botgeholpen doorverwijzing: Skiermûntseach - Verwijzing(en) gewijzigd naar Skiermûntseach (eilân))
Yn [[1738]] waard it eilân kocht troch de Steaten fan Grinslân, benammen omdat it as beskerming tsjin de [[golfoploop]] fan de kust sjoen waard en it partikuliere behear te winskjen oerliet. It ûnderhâld gie nei ferrin fan tiid oer nei it Ryk. Der waard in ''strânwarder'' oansteld dy't op it eilân wenne en de titel ''foud'' krige.
 
Meidat ''it Skyl'', de geul tusken Rottumereach en [[Skiermûntseach (eilân)|Skiermûntseach]], him yn de rin fan de tiid ferlei, ferhuze ek it eilân hieltiten mear nei it easten ta. De wenning fan de foud is dan ek meardere kearen fersetten. De ferpleatsing fan de eilannen kin yllustrearre wurde troch it feit dat it eilân Rottumerplaat yn 2008 ûngefear op it plak leit dêr't Rottumereach sa'n twahûndert jier ferlyn lei.
 
De lêste foud, Jan Toxopeus, ferliet it eilân yn [[1965]]. Fan dat momint ôf wie it ûnbewenne en waard troch Rykswettersteat ûnderhâld dien om ôfslach fan it eilân te kearen. Dit ûnderhâld bestie benammen út it delsetten fan [[riishout]]skermen en it poatsjen fan [[helmgers]], krektas it setten en underhâlden fan betonnen en stiennen beskermingskonstruksjes op kritike punten. Yn de rin fan de jierren '80 feroare de fyzje fan de oerheid op it gebiet, wat yn 1991 resultearre yn it beslút fan [[Rykswettersteat]] om gjin ûnderhâld mear te dwaan oan it eilân. Dit oan de natoer oerlitten fan it eilân betsjut dat de natoerkrêften de takomst fan it eilân bepale. Der waard ferwachte dat it eilân yn in pear desennia ferdwine soe yn de Iems ten easten fan it eilân. Dit foarútsjoch resultearre yn 1991 yn de besetting fan it eilân troch Hendrik Toxopeus, de soan fan de lêste foud Jan Toxopeus. Troch de diskusjes dy't dêrnei yn de media fierd waarden, waard in behearskplan foar Rottumereach en Rottumerplaat opsteld, wêrby't allinnich oan Rottumereach noch beheind ûnderhâld dien wurde soe. Op Rottumerplaat bleau it wurk beheind ta it oprêden fan oanspielde rommel. Anno 2010 liket it dêrop dat it eilân net yn de [[Iems]] te lâne komme sil. It docht nammentlik bliken dat it fuortspielde sân fan de westkant him deljout oan de eastkant en oarsom bart dat ek. Itselde proses wurdt sjoen by Rottumerplaat, [[Simenssân]] en [[Skiermûntseach (eilân)|Skiermûntseach]].<ref>Persoanlike meidieling fan de Steatsboskbehearder fan Rottumereach oan meidogger Drewes op 8 septimber 2010</ref>
[[Ofbyld:Rottumeroogpanorama.png|thumb|800px|<small>Trije boppe elkoar montearde panoramafoto's fan Rottumereach út respektivelik 1970, 1985 en 1998. Alle foto's binne makke út it observaasjetuorke wei fan de âlde (wyls sloopte) foudswente op Rottumereach. Goed is noch te sjen hoe't de foarm fan it eilân yn de rin fan de jierren feroaret. De metalen konstruksje is in [[Kaap (skipsbeaken)|kaap]].</small>]]
 
12.360

bewurkings