Podolsk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
EmausBot (oerlis | bydragen)
L To stop edit war. Please, don't remove this template
Emaus (oerlis | bydragen)
L Problem is fixed
Rigel 146: Rigel 146:
[[zh:波多利斯克]]
[[zh:波多利斯克]]
[[zh-min-nan:Podolsk]]
[[zh-min-nan:Podolsk]]

{{nobots}}

De ferzje fan 16 feb 2011 om 23.09

Podolsk
Polityk
Lân Ruslân
Boargemaster Nikolai Pestow
Sifers
Ynwennertal 180.000
Oerflak 37,92 km²
Befolkingsticht. 4721/km²
Hichte 160
Oar
Stifting 1627, stedstatus 1781
Postkoade 142100-21
Offisjele webside
http://admpodolsk.ru/
Lizzing oblast Moskou

Podolsk (Russysk: Подольск) is in Russyske yndustrystêd yn it bestjoerlik sintrum fan it distrikt Podolski yn de oblast Moskou. De stêd leit oan de rivier de Pachra en is de grutste stêd yn de oblast Moskou mei in ynwennertal fan 180.963 (Russyske folkstelling 2002).

De stêd ûntjoech him út it doarp Podol dat yn de 18e ieu oan het Danilovkleaster yn Moskou hearde. Podolsk krige stedsrjochten yn 1791 fan Katarina de Grutte. Foar de Russyske Revolúsje hearde Podolsk ta de meast yndustrialisearre stêden fan Ruslân. De stêd hie ûnder oaren in Singerfabryk dêr't naaimasines makke waarden. Der wienen doe goed 70 fabriken yn de stêd festige.

De famylje Uljanov sloech dêr lang foar master op. Vladimir Lenin besocht de stêd in tal kearen en hie dêr in lyts bûten. Yn 1900 organisearre er in gearkomst yn Podolsk mei sosjaaldemokraten út Moskou en oare stêden om har stipe te winnen foar syn krante Iskra.

Yn 2000 waard in wichtige militêre basis opset yn Podolsk.

Befolkingsûntwikkeling

Leninplein
Jier Ynwennertal[1]
1897 3.800
1926 19.700
1939 72.000
1956 113.000
1967 163.000
1976 194.000
1982 206.000
1989 209.200
1996 199.700
2000 194.300
2005 180.000

Yn 2007 waarden 1972 bern berne yn Podolsk, 1040 famkes en 932 jonges. De trochsneed libbensferwachting is 67 jier. Froulju wurde trochstrings 73 en manlju 61 jier âld.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. mojgorod.ru

Berjocht:Link FA