Yr. D.F. Woudagemaal: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L robot Erbij: en
Quistnix (oerlis | bydragen)
Rigel 10: Rigel 10:
==Ferwizing==
==Ferwizing==
*[http://www.woudagemaal.nl/ Webside fan de Stifting Yr. D.F.Woudagemaal]
*[http://www.woudagemaal.nl/ Webside fan de Stifting Yr. D.F.Woudagemaal]

[[Kategory:Lemsterlân]]


[[en:Ir.D.F. Woudagemaal]]
[[en:Ir.D.F. Woudagemaal]]

De ferzje fan 22 apr 2006 om 11.47

It Woudagemaal by Takosyl (2005)

It Yr. D.F. Woudagemaal is it grutste noch wurkjende steamgemaal yn'e wrâld. It gemaal stiet by Takosyl (flak by De Lemmer) en wurdt noch brûkt om it wetterpeil yn Fryslân te ferleechjen as it J.L. Hooglandgemaal by Starum net genôch kapasiteit leverje kin.

It gemaal is ferneamd nei Yr. D.F. Wouda, haadyngenieur fan de Provinsjale Wettersteat fan Fryslân, dy't tegearre mei Yr. Dijxhoorn tekene foar it ûntwerp. De masjines binne makke by Jaffa yn Utert.

It gemaal is op 7 oktober 1920 iepene troch Keninginne Wilhelmina. De seis koalenstookte steamtsjettels binne yn 1955 ferfongen troch fjouwer nije tsjettels fan Werkspoor, dy't yn 1967 omboud binne nei oaljestook. Oant 1966 wie it Woudagemaal ferantwurdlik foar it op peil hâlden fan de boezum fan Fryslân. Yn dat jier waard yn Starum it J.L. Hooglandgemaal oplevere dat it deistich wurk fan it Woudagemaal oernaam. It Woudagemaal draait no heechút in dei as wat yn it jier.

Sûnt 1998 stiet it gemaal op de UNESCO wrâlderfskiplist.

Ferwizing