Hingjende tunen fan Babylon: ferskil tusken ferzjes
L r2.7.1) (Bot - derby: hy:Շամիրամի կախովի այգիներ |
L r2.7.1) (Bot - oars: mn:Вавилоны дүүжин цэцэрлэг |
||
Rigel 51: | Rigel 51: | ||
[[lv:Babilonas gaisa dārzi]] |
[[lv:Babilonas gaisa dārzi]] |
||
[[mk:Семирамидини висечки градини]] |
[[mk:Семирамидини висечки градини]] |
||
[[mn:Вавилоны |
[[mn:Вавилоны дүүжин цэцэрлэг]] |
||
[[ms:Taman Tergantung Babylon]] |
[[ms:Taman Tergantung Babylon]] |
||
[[nl:Hangende tuinen van Babylon]] |
[[nl:Hangende tuinen van Babylon]] |
De ferzje fan 5 feb 2011 om 10.42
De hingjende tunen fan Babylon wienen in botanysk en arsjitektoanysk keunstwurk dat tsjintwurdich rekkene wurdt ta de sân klassike wrâldswûnders. Dizze tunen waarden yn 6e ieu f. Kr. boud en oanlein yn opdracht fan de Babyloanyske kening Nebukadnezar. It wurk duorre fan 606 oant 562 f. Kr. Nei alle gedachten wie de oanlis it gefolch fan de winsken fan de nije frou fan de kening, Amytes, dy't ôfkomstich wie út bercheftige omkriten, en wend wie om in soad grien om har hinne te hawwen en dat de kening har helpe woe te wennen oan it libben yn it grutte Babylon. Ek de heal-legindaryske keningin Sammu-ramat wurdt as bouwer neamd.
It bousel bestie út in searje terrassen, omheine troch muorren mei tuorren. De muorren wienen beplante mei beammen, strewellen en blommen. De tunen 'hongen' om samar te sizzen boppe de oere fan de rivier de Eufraat. Bysûnder wie de wize fan yrrigaasje: kanalen ûnder de grûn moasten soargje foar de tafier fan wetter.
Boarnen
Oer de Babyloanyske tunen waard wiidweidich skreaun troch Grykske histoarisy lykas Strabo en Diodorus Siculus. Konkrete bewizen fan de tunen binne lykwols net bewarre bleaun.