Slach op de Wylde Ikkers: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Nije side
 
No edit summary
Rigel 3: Rigel 3:
|partof=East-Fryske befrijingskrigen
|partof=East-Fryske befrijingskrigen
|image=[[Ofbyld:Focko Ukena.png|260px|Fokko Ukena nimt Ocko II tom Brok finzen.]]
|image=[[Ofbyld:Focko Ukena.png|260px|Fokko Ukena nimt Ocko II tom Brok finzen.]]
|caption=Ocko II tom Brok as finzene foar Fokko Ukena nei de slach
|caption=Ocko II tom Brok as finzene foar Fokko Ukena nei de slach<br>skildere troch Tjarko Meyer Cramer yn 1803
|date=[[28 oktober]] [[1427]]
|date=[[28 oktober]] [[1427]]
|place=Súdlik fan Auwerk
|place=Súdlik fan Auwerk

De ferzje fan 1 feb 2011 om 20.05

Slach op de Wylde Ikers
Part fan East-Fryske befrijingskrigen
Fokko Ukena nimt Ocko II tom Brok finzen.
Ocko II tom Brok as finzene foar Fokko Ukena nei de slach
skildere troch Tjarko Meyer Cramer yn 1803
datum: 28 oktober 1427
plak: Súdlik fan Auwerk
útkomst: Oerwinning Fokko Ukena
konfliktpartijen
Fokko Ukena Ocko II tom Brok
befelhawwers
Fokko Ukena Ocko II tom Brok

De Slach op de Wylde Ikers wie op 28 oktober 1427 de twadde slach tusken Fokko Ukena en Ocko II tom Brok. De earste slach wie de Slach fan Detern. Beiden waarden wûn troch Fokko Ukena. Nei de slach waard Ocko finzen nommen en wie Fokko Ukena de nije hearsker oer East-Fryslân.

Eftergrûn

Ocko II tom Brok wie de earste haadling fan East-Fryslân dy't oer allinnich oer it hiele gebiet hearske. De Friezen seagen it strange bewâld fan de haadlingefamylje tom Brok as ûnfrysk. Dêrtroch groeide by in protte Friezen de langstme nei de Fryske frijheid. It bewâld fan de famylje tom Brok wie sa machtich sterk dat oare haadlingefamyljes suver gjin kâns hienen om tsjin de tom Brok yn ferset te kommen. Yn it suden fan East-Fryslân kaam syn machtichste bûnsmaat, Fokko Ukena, yn 1426 yn opstân mei it East-Fryske befrijingsleger yn de Slach fan Detern.

Neirin

Fokko Ukena wie nei de beide oerwinnings tsjin Ocko II tom Brok de nije hearsker fan East-Fryslân wurden. Hy koe syn posysje as hearsker net hâlde. Dêrfoar wie er net betûft genôch yn it politike spultsje. De belestings dy't er frege wienen te heech en troch syn ûnderdrukkende bewâld makke er him as hearsker swak. De befolking wie slim teloarsteld yn Ukena. Al gau ûntstie yn it Brookmerlân ferset tsjin Ukena. It ferset waard grutter doe't in oanfal fan Ukena yn it Stêdlân by Bremen op 'e non rûn. Under lieding fan de haadlingefamylje Cirksena út Greetsiel ûntstie yn 1430 it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen. Dat wie it begjin fan de hearskappij fan de Cirksena's dy't oant 1744 bestien hat.

Argeologyske fynsten

Yn 1845 waarden by wurksumheden oan 'e dyk fan Georgsheil nei Marijehaven, ter hichte fan Easterupgant/Skot, ferskillende minsklike skeletten en hynstebonken fûn. Sawol de minsklike as hynstebonken wienen hûnderten jierren âld. Der kin fêststeld wurde dat it resten binne fan de deaden út de Slach op de Wylde Ikers.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Upgant-Schott, Samtgemeinde Brookmerland, Landkreis Aurich