Wikipedy:Wêrom soe ik meidwaan: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
p0304.spl-a00.dial.wanadoo.nl (oerlis)
Oerset.
 
p0304.spl-a00.dial.wanadoo.nl (oerlis)
Oerset.
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 4 okt 2003 om 20.54

Wêrom soenen jo mei dwaan?

  • Om't Wikipedia wier in unyk projekt is. Dit is sa't it wrâld-wiid web oarspronklik miend wie: iepen en frije útwikseling fan witten en ynformaasje.
  • Om't Wikipedia waakst troch ienriediche gearwurking van hûnderten (vaaks tûzenen) frijwilligers de wrâld oer (sa neamde Wikipedianen).
  • Om't meidwaan in sa'n frije sfeer in soat minsken oansprekt. Wikipedia hat gjin offisjieel bestjoer, gjin direksje, gjin haad- of einredakteur; eltsenien dy't meidocht hat in likegrutte stim yn it kapittel; eltsenien wurdt likefolle wurdeare. Is der in ferskil fan miening, of soe der in konflikt wêze, dan komme we dêr mei oerlis, mei repekt en mei goede manieren suver altyd wêr út, Hoe't dat kin? Om't eltsenien foar eagen hâldt wat it wichtigste is: we binne dwaande mei it meitsjen fan in unyke ensyklopedy, en dêr wolle we graach mei trochgean.
  • Om't, al wie dat net wat guon minsken tochten, de kwaliteit fan de measte siden hielltiid heacher wurdt, krekt troch dat oan inoar syn bydrage feroarje en tafoegje. En om't, wat langer it projekt rint, wat mear minsken mei útdjipt witten it yn útdaging fine en doch hjir oan mei. Sa is it fernaam in âldere Wikipedia's.
  • Om't it tige aardig en befredigjend wêze kin jins witten en kriich te ynvestearjen yn sa'n boeiend projekt.
  • Om't jo sels in soad ferlet ha kinne fan it garjen en trochjaan fan witten.
  • Om't strak alle Friezen (tink bygeliks oan skoalbern, krantelju, studinten, hobbyisten en oare niisgjirigen) mei troch jo inspannings in harren memmetaal de ynformaasje fine sille dy't hja hawwe wolle.
  • Om't dizze boarne fan witten strak in wichtige rol spylje kin foar it behâld fan de Fryske taal en kultuur.
Uteins soe der yn eltse taal in Wikipedia-ensyklopedy wêze moatte; dêrfan is men op it stuit mei sa'n tweintich dwaande. Guon, likas dizze Fryske Wikipedia, komme wat stadig op gleed. Minsken, jo útsondere fansels, stappe no ienkear makkelijker op in ridende wein as op ien dy't noch oantreaun wurde moat.. As jo no daliks meidoche, dan komme die oaren ek wol.


Hoe kinne jo meidwaan?

  • Fertel oare Friezen oer dit project en meitsje harren der ek entûsjast oer.
  • Gean ynformaasjesiden likas dizze nei en set dy parten dy noch yn it Nederlânsk binne oer yn it Frysk. Jo doche sa eat wat tige wichtig is: Jo bouwe mei oan it fûnemint fan dizze Wikipedia (sjoch Om te setten siden nei it Frysk ta).
  • Korrizjear taal- en skriuwflaters, of ferbetter de skriuwstyl. (As in side in soad tafoegings hân hat is de tekst fakentiids wat brokkelig wurden. Dan is it goed as in oar der is nei sjocht en meitsje der wer ien tekst fan.) Sjoch ek Ienfâldich begjinne.
  • Folje siden dy al skrean binne oan mei wat jo der sels fan witte, of mei wat jo der oer útfine kinne.
  • Skriuw wat mear tekst yn ús jiertalsiden. (Sjoch oars earst op de Nederlandsktalige Wikipedia; faaks kinne jo dêr sjen hoe't it dien wurde kin.)
  • Skriuw in nije side, al wie it allinich mar in yntroduksje; as der ien kear wat stiet kin it oaren oertjûge en foegje wat ta. Sjoch ek Stikken skriuwe yn Wikipedia-styl en Inspiratie.
  • Tink mei oer de struktuer, de opbou fan de ûnderwerpen op de haadside e.a.s..
  • Meitsje in koppeling op jo thússide nei http://www.fy.wikipedia.org of freegje in kunde dat op syn/har thússide te dwaan.
  • Untwerp in Frysk Wikipedia-logo.
  • Skriuw eat oer Wikipedia yn jo streek- of clubblêd, bygeliks in ynstjoerd stik. Sjoch ek Publiciteit.
  • Set in advertinsje (faak kin dat fergees), hingje in meidieling op it prikboerd fan skoale of club, freechje in Frysk Genoatskip omtinken te jaan oan Wikipedia FY.....

Koartsein,

al dienen jo mar in lyts bitsje, dan soe dat de Wikipedia in soad helpe kinne!

Sjoch ek