Nederlân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Werom sette fan ferzje 418752 fan Special:Contributions/Rodejong (Meidogger_oerlis:Rodejong)
Rigel 66: Rigel 66:


== Bestjoerlike yndieling ==
== Bestjoerlike yndieling ==
[[Ofbyld:Netherlands map large-10-10-10|thumb|250px|De tolve provinsjes]]
[[Ofbyld:Netherlands map large dutch 3.png|thumb|250px|De tolve provinsjes]]
De earste laach fan bestjoer is it parlemint yn [[De Haach]]. It twadde bestjoerlike nivo leit by de [[provinsje]]s:
De earste laach fan bestjoer is it parlemint yn [[De Haach]]. It twadde bestjoerlike nivo leit by de [[provinsje]]s:
* [[Fryslân]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]
* [[Fryslân]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]

De ferzje fan 22 jan 2011 om 05.39

Koninkrijk der Nederlanden
Flagge fan Nederlân Wapen fan Nederlân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Nederlân
Offisjele taal Nederlânsk, Frysk
Haadstêd Amsterdam
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
Gebiet
% wetter
41.526 km²
18,41­%
Ynwenners (2009) 16.515.057
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 30 april
Lânkoade NLD
Ynternet .nl
Tillefoan 31

Nederlân (Nederland) is in lân yn Jeropa, mei ûngefear 16.515.000 ynwenners, en mei in oerflak fan 41.526 km² (wêrfan 7.644,94 km² wetter). De haadstêd is Amsterdam en de keninginne fan de monargy is sûnt 1980 Keninginnne Beatrix.

Nederlân wurdt begrinzge troch:

Skiednis

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Nederlân.

Yn de iere midsieuwen libben der trije folksgroepen yn it gebiet dat hjoed Nederlân hjit: de Friezen, de Franken en de Saksen. Meidat de Franken de Friezen kerstenen koe it Kristendom him útwreidzje oant en mei it Fryske Ryk (sjoch ek: Frysk-Frankyske oarloggen). De Nederlânnen hearden yn de lette midsieuwen ta it Hillige Roomske Ryk mar wienen noch net in ienheid sa't dat bliken docht yn de Frysk-Hollânske oarloggen. Dy ienheid waard earst begjin 16e ieu foarme troch de Boergonjers. Nei de dea fan Karel V kamen de Nederlannen lykwols by it Spaanske Keizerryk. Oan 'e ein fan deselde ieu waard de Republyk fan de sân Feriene Nederlannen foarme, dy't lykwols earst sûnt de ein fan de Tachtichjierrige oarloch yn 1648 formeel troch it Spaanske Keizerryk as ûnôfhinklik beskôge waard. Nei de tachtichjierrige kriich bliuwt Nederlân oant de Napoleonistysk tiid in republyk. It hjoeddeiske Nederlân bestiet sûnt 1814.

Geografy

Kaart fan Nederlân
boarne: The World Factbook CIA

Hichte

Nederlân is foarme as in rivierdelta, dy't it heechst is yn it súdeasten, en nei alle kanten omleech rint. It heechste punt is de Faalserberch, mei 322 meter, it djipste punt leit yn de Súdplaspolder yn de gemeente Nijtsjerk oan de Isel, mei 6,76 meter ûnder Amsterdamsk peil.

Grutte parten fan it lân binne ferlern oan en weromwûn op de see. De helte fan it lân is dan ek net heger as in meter boppe seenivo, en in fearn fan it lân leit sels ûnder seenivo. Dat betsjut dat sûnder diken in fearn fan it lân normaal ûnder wetter stean soe, en mear as de helte by elts heech wetter oerspield wurde soe. Ien fan de Nederlânske provinsjes, Flevolân bestiet hielendal út polders, en leit kompleet ûnder seenivo. Utsein Limboarch hawwe alle oare provinsjes ek lytsere as gruttere stikken lân dy't ûnder seenivo lizze.

Eilannen

Grutte parten fan Nederlân kinne sjoen wurde as eilannen, om't rivieren en fearten der oan alle kanten omhinne rinne. Ek hawwe der tiden west dêr't de see fierder ynkrongen wie en der dêrmei ek mear eilannen yn Nederlân wienen, dy't no wer lânfêst binne. Lykwols hat Nederlân ek no noch sân eilannen yn see: de waadeilannen Teksel, Flylân, Skylge, It Gryn, It Amelân, Skiermûntseach en Rottum.

Yn it súdwesten fan it lân binne de measte grutte eilannen no troch damen ferbûn, mar se wurde al noch as eilannen sjoen: Goeree-Oerflakkee, Skouwen-Duvelân, Noard-Bevelân, Súd-Bevelân en Walcheren. Tusken dizze grutte eilannen lizze lykwols ek noch in protte lytsere, net oandamme eilannen.

Yn de Marker Mar kinne de eilannen Pampus en Marken neamd wurde. Yn oare marren en op de rivieren is noch in grut tal oare eilannen te finen.

Rivieren

Trije Jeropeeske rivieren komme út it suden nei Nederlân, en rinne dêr nei it westen nei de Noardsee: de Ryn, de Maas en de Skelde. Nei alle gedachten is dizze rjochtingsferoaring ta stân kaam troch it iis dat ûnder de lêste iistiid healwei oer Nederlân lei. De Ryn en de Maas hawwe de râne fan it iis bylâns in mienskiplike delta foarme, mei de Waal/Merwede as de haadstream yn it midden. De Isel, in sydearm fan de Ryn dy't nei it noarden rint, is mooglik de rin fan de Ryn fan foar de iistiid.

Demografy

Nederlân hie yn 2009 16.515.057 ynwenners. De Friezen yn de provinsje Fryslân binne sûnt 2005 erkend as nasjonale minderheid neffens it Jeropeeske ramtferdrach foar nasjonale minderheden. Nederlânsk en Frysk binne de amtlike talen.

Grutste stêden

  1. Amsterdam (Noard-Hollân) 744.740
  2. Rotterdam (Súd-Hollân) 581.615
  3. De Haach (Súd-Hollân) 474.245
  4. Utert (Utert) 294.742
  5. Eindhoven (Noard-Brabân) 209.601
  6. Tilburch (Noard-Brabân) 200.975
  7. Almere (Flevolân) 183.738
  8. Grins (Grinslân) 180.824
  9. Breda (Noard-Brabân) 170.451
  10. Nymwegen (Gelderlân) 160.732

Bestjoerlike yndieling

De tolve provinsjes

De earste laach fan bestjoer is it parlemint yn De Haach. It twadde bestjoerlike nivo leit by de provinsjes:

De tredde bestjoerslaach is de gemeente, der binne meiïnoar 421 gemeenten (1 jannewaris 2011). It tal gemeenten feroaret lykwols hurd troch gemeentlike weryndielings.

Polityk

It Nederlânske parlemint, de wetjouwende macht, is part oer twa keamers, de Earste Keamer (75 sitten) en de Twadde Keamer (150 sitten). De steatsfoarm is in konstitúsjonele monargy mei in parlemintêre demokrasy. Alhoewol't de haadstêd Amsterdam is, hat De Haach de funksje fan regearingsstêd. De útfierende macht is yn hannen fan de keniningin en de ministers. De rjochterlike macht is yn hannen fan de rjochters en offisieren fan jústistysje. Sûnt 14 oktober 2010 is Mark Rutte premier fan it kabinet-Rutte (VVD, CDA (en PVV)).

De neikommende politike partijen binne sûnt de ferkiezings fan 2010 yn de Twadde Keamer fertsjinwurdige: VVD (31), PvdA (30), PVV (24), CDA (21), SP (15), D66 (10), GL (10), CU (5), SGP (2) en PvdD (2).

Ynternasjonale gearwurking

Nederlân is in stiftsjend lid fan de Benelúks (1944), de Feriene Naasjes (1945), de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957).

Kultuer

Sport

Fuotbal is de meast populêre sport yn Nederlân. De KNFB is de organisaasje dy’t yn Nederlân de fuotbalkompetysjes en -eveneminten organisearret. Hurdfytse lykas yn de Omgong fan Frankryk lûke altyd in soad sjoggers foar de tillevyzje.

Ien fan de gruttere sporteveneminten is de Alvestêdetocht bygelyks. Reedriden oer it ginneraal krijt ek bysûnder omtinken.

Literatuer

Yn Nederlân binne trije literaturen, de Nederlânske, de Fryske en de Nedersaksyske literatuer. De skiednis fan de Fryske literatuer begjint yn de iere midsieuwen, mar is lykwols beheind bleaun ta in hieltyd lytser wurden gebiet. De skiednis fan de Nederlânske literatuer is diskutabel, it is ommers net dúdlik wannear't der fan de Nederlânsk taal praat wurde kin (sa om it jier 1600). Omdat it Nederlânske taalgebiet him net beheind ta Nederlân (Belgje, Suriname) is it in literatuer foar likernôch 22 miljoen minsken. De skiednis fan de Nedersaksyske literatuer begjint yn de 19e ieu.

Frysk
De Wikipedy hat ek in side Fryske literatuer.

Gysbert Japiks hat foar de Fryske renêssânse tige wichtich west. Yn de 19e ieu waard de Fryske literatuer beskieden troch de bruorren Halbertsma. De Fryske bibeloersetting (âlde en nije testamint) wie yn 1943 klear. Rink van der Velde is ien fan de bêst ferkeapjende skriuwers fan de 20e ieu.

Nederlânsk

De Nederlânske oersetting fan de bibel wie yn 1637 klear. Yn de tiid fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen wie Joost van den Vondel de meast ferneamde dichter fan de Nederlânske taal.

De trije belangrykste skriuwers foar de Nederlânske literatuer yn de twadde helte fan de 20e ieu wienen Harry Mulisch, Willem Frederik Hermans und Gerard Reve.

Nedersaksysk

Ien fan de bêst ferkeapjende skriuwers yn it Nedersaksysk is Johan Veenstra, dy't Stellingwerfsk skriuwt. Oare skriuwers binne, of wienen, Gerrit Wassing út Grinslân, Marga Kool út Drinte, Johanna van Buren út Oerisel en Henk Krosenbrink út Gelderlân.

Ekonomy

BYP per persoan is $39.000 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 3% lânbou, 21% yndustry en 76% tsjinsten.

Militêr

Struktuer

De Nederlânske definsje hat in lânmacht, loftmacht, marine en marresjausse.

Mankracht

Yn 2008 wienen der 3.950.825 Nederlânske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 3.233.773 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 105.735.

Budzjet

Militêr budzjet $9,4 miljard (2004).
Persintaazje fan it BYP 1,6 % (2004).

Transport

Wichtichste havens binne Amsterdam, IJmuiden, Rotterdam, Terneuzen, Flissingen, Harns en Delfsyl. Amsterdam (Schiphol) hat it grutste fleanfjild fan Nederlân, oare grutte fleanfjilden binne dy fan Grins (Eelde), Eindhoven, Rotterdam en Maastrich (Maastricht-Aachen Airport). De maksimum snelheid op de autodyk is 120 km/h.

Nederlân hat (2006):
134.981 km ferhurde dyk.
2.797 km spoardyk.
6.211 km farwetter.