McDonald's: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.5.2) (Bot - derby: sah:McDonald’s
SieBot (oerlis | bydragen)
Rigel 32: Rigel 32:
[[eu:McDonald's]]
[[eu:McDonald's]]
[[ext:Mc Donald's]]
[[ext:Mc Donald's]]
[[fa:مک‌دونالد]]
[[fa:مک‌دونالدز]]
[[fi:McDonald's]]
[[fi:McDonald's]]
[[fo:McDonald's]]
[[fo:McDonald's]]
[[fr:McDonald's]]
[[fr:McDonald's]]
[[hak:Ma̍k-tông-lò Kûng-sṳ̂]]
[[hak:Mâ̍k-tông-lò Kûng-sṳ]]
[[he:מקדונלד'ס]]
[[he:מקדונלד'ס]]
[[hr:McDonald's]]
[[hr:McDonald's]]

De ferzje fan 16 jan 2011 om 20.20

Ofbyld:McDonalds.JPG
McDonalds logo
McDonalds yn ferskate lannen.

McDonald's Corporation is in Amerikaansk fastfoodrestaurant. Meiïnoar binne dat 31.000 restaurants mei 47 miljoen klanten per dei. McDonalds hat yn it earstoan súksefol west mei de ferkeap fan hamburgers, cheeseburgers en milkshakes. Mar dêr binne nei 2000 ek fruit en salades by kaam.

Skiednis

Yn 1937 begjinne de bruorren McDonald mei in hotdog kream ûnder de namme 'Airdrome' op it fleanfjild fan Monrovia yn Kalifornje. Yn 1940 iepenen de bruorren Dick en Mac Donald it earste McDonalds restaurant yn San Bernardino (Kalifornje). Yn 1948 waard it restaurant bekend doe't se de selsbetsjinning yn harren restaurant ynfierden. Neil Fox waard yn 1953 de earste franchiser fan de bruorren. Yn 1954 oppenearre de milkshake-mixer ferkeaper Ray Kroc him oer it iepenjen fan mear McDonalds restaurants. Hy wie tige ûnder de yndruk en besocht Walt Disney, ien fan syn freonen út de oarlochstiid, safier te krijen om McDonalds restaurants te iepenjen yn 'Disneyland' dêr't se doe noch mei oan it bouwen wienen. Doe't Disney neat mei Kroc syn útstel dwaan woe, iepene Kroc syn earste eigen restaurant yn Illinois. Yn 1968 binne der al tûzen McDonalds restaurants. Yn 1971 wurdt it earste restaurant yn Europa iepene, dêrnei folgje oare kontininten. Yn 1974 wurdt it earste Ronald McDonald Hûs iepene yn Pennsylvania.

Yn 1988 iepenet McDonalds yn Belgrado (Joegoslaavje, no Servje) syn earste restaurant yn in kommunistysk lân. Yn Boedapest (Hongarije) wurdt letter yn dat jier noch in McDonalds iepene. Op 31 jannewaris 1990 wurdt in restaurant iepene yn Moskou. Troch de spanningen fan de Kâlde Kriich wurdt it restaurant iepene mei stipe fan McDonalds Kanada. De fêstiging yn Moskou wie hiel populêr, mei oerenlange wachtrigen yn de earste dagen nei de iepening. De earste McDonalds in Fryslan wurdt yn desimber 1988 te Ljouwert oan de Wirdumerdyk iepene. Yn it begjin wurde de produkten noch twatalich oantsjutten.

Hjoed de dei sit McDonalds yn 120 lannen. McDonalds is ek it symboal fan de globalisaasje wurden. It Amerikaanske tydskrift 'The Economist' mjit de keapkrêft yn ferskillende lannen neffens de "Big Mac Index".

Keppeling om utens

Commons Commons: McDonald's – foto, fideo en harktriemmen