Alderheljenfloed (1170): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 22: Rigel 22:
[[de:Allerheiligenflut 1170]]
[[de:Allerheiligenflut 1170]]
[[en:All Saints' Flood (1170)]]
[[en:All Saints' Flood (1170)]]
[[fr:Inondation de la Toussaint en 1170]]
[[nl:Allerheiligenvloed (1170)]]
[[nl:Allerheiligenvloed (1170)]]
[[no:Allerheiligenvloed (1170)]]
[[no:Allerheiligenvloed (1170)]]

De ferzje fan 14 jan 2011 om 15.04

De lizzing fan it Kreiler Wâld omtrint it jier 1000. De krekte grinzen fan de bosk binne ûnbekend.

De Alderheljenfloed fan 1170 wie in grutte oerstreaming dy't ûntstie doe't de Noardsee tusken it hjoeddeiske Hûsdunen en Tessel troch de dunerige bruts. De beek Marsdjip krige in ferbining mei de Noardsee en waard in seegat. It Kreiler Wâld, dat tusken Tessel en Medemblik lei, waard ferswolge troch de see. Tessel en Wieringen waarden eilannen. Neffens de Annales Egmundenses wie der sels eb en floed te fernimmen yn Utert.

Dizze oerstreaming markearde in begjin fan it fergrutsjen fan it Almere en it iepenjen nei de Noardsee, sadat de Sudersee en de Waadsee úteinlik ûntstean koenen.

Twa faktoaren wienen by dizze sefergrutting fan belang: de earste wie de seespegelstiging, de twadde wie de oanweêzichheid fan grutte feangebieten. Troch de grutte oanfallen fan de see waard it fean ôfsklein en ferdwûn it yn de weagen.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: