Earrebarre: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.5.2) (Bot - oars: ko:홍부리황새
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ar:لقلق أبيض
Rigel 62: Rigel 62:
[[Kategory:Fûgelsoarten]]
[[Kategory:Fûgelsoarten]]


[[ar:لقلق الأبيض]]
[[ar:لقلق أبيض]]
[[az:Ağ leylək]]
[[az:Ağ leylək]]
[[bar:Schtoach]]
[[bar:Schtoach]]

De ferzje fan 14 jan 2011 om 12.59

Berjocht:Soart De Earrebarre (Ciconia ciconia) is in 100-115 sm grutte fûgel út de famylje fan de Eibertfûgels. It is in grutte wite fûgel mei swarte rânen oan de wjukken. Fierder hat er in opfallende reade snaffel en poaten.

Oare nammen

De Earrebarre wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: Eiber, Eibert as Prikkedief.

Fersprieding

De Earrebarren komme foar in grut part fan Jeropa en Afrika. It is in echte trekfûgel; de fûgels dy't yn Europa briede oerwinterje yn Afrika. By de reis nei syn winterferbliuw mijt er de see. De fûgels berikke Afrika dan ek troch by Gibraltar fan Spanje út oer te stekken, en de eastlike fûgels geane oer Turkije.
De fûgels dy't de westlike rûte oer Spanje nimme oerwinterje yn de Sahel lannen yn West-Afrika. De earrebarren dy't de eastlike rûte nimme geane hielendal troch nei Súd-Afrika.
De oarspronklike Nederlânske populaasje bestie út fûgels dy't beide trekrûtes brûkten, de tsjinwurdige populaasje brûkt allinnich de westlike rûte en oerwinteret yn West-Afrika.

Oantallen yn Nederlân

It earrebarredoarp by Eagmaryp

It tal earrebarren is yn Nederlân de 20e ieu hieltyd tebekrûn ta inkele briedpearen yn de jierren sântich. De tebekrin is nei alle gedachten oan de grutskaliger lânbou te witen, mei it brûken fan bestridingsmiddels. Mar ek oan klimatologyske oarsaken sa as in hyltiten droeger wurdende oerwinteringsgebiet. Yn 1910 wiene der sa'n 500 briedpearen, yn 1970 wie dit tebekrûn nei 14.

In 1969 is yn Groot-Ammers yn Súd-Hollân troch de Fûgelbeskerming Nederlân Het Liesveld boud. Dit fok-stasjon is bedoeld om in grut tal earrebarren te fokken. At de fûgels sa'n fjouwer jier âld binne wurde se oerbrocht nei in bûten-stasjon. Hjir wurde de fûgels fuorre mar kinne se ek yn de omjouwing om iten sykje. De bedoeling is dat de jongere generaasjes fûgels harren wer hielendal sels rêde en sa wer foar in grutte populaasje wylde earrebarren soargje. Troch dit programma wienen der yn 2004 wer sa'n 500 briedpearen mar in lyts part hjirfan is hielendal selsstannich.

Gedrach

Earrebarren kinne mei harren stimme net in protte lûd meitsje. Mar yn de maaitiid meitsje se in protte leven trochdat se mei harren snaffel klepperje. Dit is in opfallend gedrach wêrby't se harren kop en nekke hielendal oer harren rêch bûge.
Lykas in protte fûgels mei lange skonken stiet ek de earrebarre in protte op ien poat. Trochdat se ien poat oplûke en tusken harren fearren weistopje ferlieze se minder waarmte.

Iten

Earrebarren ite in protte kikkerts en binne in protte in de buert fan sleatten te finen. Fierder ite se ek mûzen, jonge rotten, ynsekten en oare lytse bisten. De oarbliuwsels fan it iten wurdt yn de foarm fan in spuiballen wer útspuid.

jonge earrebarren op it nêst

Fuortplanting

De Earrebarren briede alle jierren wer op itselde nêst. It nêst leit meast op in dak fan in hûs op spesjaal makke earrebarrenêsten. De fûgels komme alle jierren werom nei itselde nêst en meitsje it ek eltse kear wer grutter. It nêst hat meast in trochsnee fan 1,5 meter en âlde nesten kinne wol sa'n 2,5 meter heech wurde. De 3-5 aaien wurde yn sa'n 33 dagen útbret. Wylst de fûgels lyk by it earste aai begjinne te brieden is dêrtroch in leaftydsferskil by de jongen. De jongen wurde noch sa'n 8 wiken troch de âlden fuorre. De leste wiken steane se faaks al op it nêst drok mei harren wjukken te slaan om dy foar it fleanen te oefenjen.

Gallery

Sjoch ek

Keppeling om utens