Soroästrisme: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ar:زرادشتية
Rigel 28: Rigel 28:
[[als:Zoroastrismus]]
[[als:Zoroastrismus]]
[[an:Zoroastrismo]]
[[an:Zoroastrismo]]
[[ar:مجوسية]]
[[ar:زرادشتية]]
[[az:Zərdüşt dini]]
[[az:Zərdüşt dini]]
[[bat-smg:Zuoruoastrėzmos]]
[[bat-smg:Zuoruoastrėzmos]]

De ferzje fan 8 jan 2011 om 12.25

Zoroastristyske fjoertimpel yn de Iraanske stêd Yazd.
De faravahar is in bekend symboal fan it zoroastrisme.
Zoastriaanske gemeente yn Kerman, begjin 20e ieu.

It Zoroastrisme wie de steatsgodstsjinst fan it eardere Perzyske Ryk en is tsjintwurdich noch in lytse religy yn Iran, Yndia en Azerbeidzjan.

De godstsjinst is neamd nei de ûnderstelde stifter, de profeet Zaratoestra (Latyn: Zoroaster). Syn lear stipet op trije pylders: goede wurden, goede dieden en goede tinzen. De godstsjinst is basearre op it dualisme. It komt derop del dat de minsk ynklamme sit tusken Ahoera Mazda, de god fan it goede, en Ariman, de god fan it kwea. Yn de ivige striid tusken beide goaden moat de minsk de side fan it goede kieze.

Sûnt de tiid fan Sirus de Grutte (likernôch 600 - 530 f. Kr.) wie it Zoroastrisme it oerhearskjende leauwen yn it Perzyzke Ryk. Dat bleau sa, mei ûnderbrekkings, oant de oermastering fan Iran troch de Islam yn de 7e ieu. In protte folgelingen besleaten doe út te wiken nei Yndia, dêr't tsjintwurdich om-ende-by 90.000 (2000) parsy's wenje dy't in foarm fan dit leauwen oanhingje. Ek Freddy Mercury, de sjonger fan Queen, wie in parsy en oanhinger fan it Zoroastrisme.

De Parsys drage gjin karakteristike klean, alhoewol't se in koarde om de mul drage. Bysûnder is de wize dêr't sy harren deaden mei behandelen. Sy lizze de deaden boppe-op in toer en wachtsje oant it lyk opiten is troch rôffûgels. Neffens de Parsy meie de deaden net ferbaarnd wurde, omdat de rook foar harren hillich is, krektsa is it mei de deaden bedobje of yn it wetter lizze, om't ek de ierde en it wetter harren hillich binne.

It hillige boek fan it Zoroastrisme is de Avesta. Yn de rin fan de ieuwen hat de religy grutte feroarings meimakke. Yn it begjin wie it in monoteïstyske godstsjinst, mar yn letter tiden hawwe de âlde Perzyske goaden in hieltyd gruttere plak ynnaam, as ingel of Amshaspand (aartsingel).

De enerzjy fan de skepper wurdt yn it Zoroastrisme werjûn troch ljocht en fjoer. Dêrom nimme ljocht en fjoer by gearkomsten in wichtich plak yn en wurde Zoroastryske gebouwen fjoertimpels neamd.

Yn it Zoroastryske leauwen is der gjin libben nei de dea. Neffens dit leauwen is it sa dat de geast fan in minsk yn dit libben of yn in takommend libben him hieltyd mear ferbetterje moat oant er yn steat is om by Ahoera Mazda komme te kinnen.

Keppelings om utens