Fidzjy: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.5.2) (Bot - derby: sco:Fiji
Escarbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: rw:Fiji
Rigel 167: Rigel 167:
[[ro:Fiji]]
[[ro:Fiji]]
[[ru:Фиджи]]
[[ru:Фиджи]]
[[rw:Fiji]]
[[sa:फिजी]]
[[sa:फिजी]]
[[sah:Фидьи]]
[[sah:Фидьи]]

De ferzje fan 5 jan 2011 om 21.48

Fiji
Flagge fan Fidzjy Wapen fan Fidzjy
Flagge Wapen
Lokaasje fan Fidzjy
Offisjele taal Ingelsk, Fidzjyneesk, Hindy
Haadstêd Suva
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
18.250 km²
-­%
Ynwenners (2005) 846.085
Munt Fidzjy-dollar (FJD)
Tiidsône UTC +12
Nasjonale feestdei 10 oktober
Lânkoade FJI
Ynternet .fj
Tillefoan 679

Fidzjy is in lân yn Oseaanje op it súdlik healrûn. Fidzjy bestjit út 332 eilânnen dêr't om-ende-by 110 fan bewenne binne. De grutste binne Fity Levu dêr't de haadstêd Suva op leit en Fanua Levu.

Geografy

Lizzing

De Fidzjy eilannen wurde begrinzge troch de territoriale wetters fan:

Lânskip

Fanua Levu fanôf see

It gebiet bestiet út mear as 320 eilannen, dêr't guons atollen fan binne, guons fulkanyske eilannen en 110 duorsum bewenne. De twa wichtichste eilannen binne: Fity Levu en Fanua Levu dy't beiden hiel bot bercheftich binne mei piken boppe de 1300 meter. De heechste pyk is de Tomanivy of Fiktoria, op 1324 meter.

De Fidzjy eilannen hawwe in tropysk klimaat en binne bedekt mei tropyske bosken. De foar it each ûneinige strannen meitsje fan de eilannen in populêre fakânsje bestimming. Op Fity Levu leit de haadstêd, dêr't sawat trijefearn fan de totale befolking wennet.

De eilannen

Kaart mei de eilânkloften

Fidzjy is ferdield yn de folgjende eilânkloften:

Skiednis

De Fidzjy eilânnen binne ûntdekt waan troch Abel Tasman yn 1643. Dêr wienen spoaren fan bewenning troch Polyneesjers. Mar it duorre oant 1874 foar't de Ingelsen de basis foar in Britske koloanje leinen. Yn 1970 waard Fidzjy ûnôfhinklik, mar it bleau wol in part fan it Britske Gemienguod. Nei een steatsgreep yn 1987 waard Fiji in republyk.

Demografy

Befolking

De befolking fan de Fidzjy eilannen besteane foar it grutste part út ynhiemske Fidzjers dy't fan Melanesyske komôf binne (54.3%), alhoewol't guons ek Polynesyske foarâlden hawwe, en Yndo-Fidzjers (38.1%), ôfstammelingen fan Yndyske kontrakt-arbeiders dy't troch de Ingelsken yn de 19e ieu nei de eilannen brocht waarden. It persintaazje Ynjers is de lêste desennia lykwols tebek rûn as gefolch fan emigraasje yn gong set nei de kûp fan 2000 doe't nochal wat geweld brûkt is tsjin de Yndyske Fidzjers. Fierders is der ek in lytse mar wichtige kloft fan ôfstammelingen fan kontrakt arbeiders fan de Salomonseilannen.

Religy

De ynhiemske Fidzjers binne foar it grutste part Kristenen (97.2% neffens tellingen út 1996), de Yndyske Fidzjers meast Hindû (70.7%) en Moslim (17.9%). Oer de hiele befolking útstrekt lizze de persintaazjes op: Kristenen 64.5%, Hindû 27.9%, Moslims 6.3%, Sikh 0.3%, oare 0.3%, gjin 0.7% (telling 2007).