Fêreu-eilannen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: stq:Färöer
L r2.5.2) (Bot - derby: gu:ફરો દ્વિપ
Rigel 89: Rigel 89:
[[gd:Na h-Eileanan Fàro]]
[[gd:Na h-Eileanan Fàro]]
[[gl:Illas Feroe - Føroyar]]
[[gl:Illas Feroe - Føroyar]]
[[gu:ફરો દ્વિપ]]
[[gv:Ellanyn ny Geyrragh]]
[[gv:Ellanyn ny Geyrragh]]
[[he:איי פארו]]
[[he:איי פארו]]

De ferzje fan 1 jan 2011 om 07.39

Lizzing fan Faeröer
Tinganes yn Tórshavn, sit fan it gûvernemint

De Faeröer [ˈfɛːrøər]? (Faeröersk: Føroyar [ˈfœɹjaɹ]?; Deensk: Færøerne [ˈfɛːʀøʔəʀnə]?) is in groep eilannen yn de noardlike Atlantyske Oseaan tusken Skotlân-Noarwegen-Yslân yn. Meiïnoar binne de eilannen in autonoom gebiet yn it Keninkryk Denemark. Der wenje 48.668 minsken (2008), de haadstêd is Tórshavn. It Faeröersk is in taal dy't besibbe is oan it Yslânsk.

De Faeröer binne fan de 9e ieu n.Kr. ôf foaral út Noarwegen wei bewenne rekke. Yn de 11e ieu kamen de eilannen oan de Noarske kening. Doe't Noarwegen sels in part fan Denemark waard, kamen de Faeröer ek ûnder de Deenske kroan. Dat is sa bleaun, ek nei't Noarwegen earst Sweedsk en letter selstannich waard. Yn 1948 krigen de eilannen fierdgeand selsbestjoer. De Faeröer hearre net ta de Europeeske Uny.

Der binne seekaarten út de 16e en 17e ieu mei de Faeröer as ien grut eilân mei de namme Frislân, der is noch gjin ferbân lizze kind mei de namme Fryslân.

Geografy

De heechste berch fan de eilannegroep is Slættaratindur mei 882 meter. Der binne 18 eilannen wêrfan 17 bewenne binne. It grutste eilân, Streymoy, is mei in brêge ferbûn mei it twadgrutste eilân, Eysturoy.

De 17 bewenne eilannen:

It achttjinde, ûnbewenne eilân is Lítla Dímun.

Demografy

Der wenje likernôch 48.000 minsken op de ûnderskate eilannen. De measte minsken, sa'n 92 persint, komme fan de Faeröer, oare groepen binne Denen, Yslanners en Grienlanners. Noaren en Poalen binne echte mindertallen op it eilân. Sa'n 44.000 minsken op de eilannen prate it Faeröersk, de twadde grutte taal is it Deensk.