Nijskoat: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 18: Rigel 18:
'Nijskoat' is it lytste doarp yn de gemeente It Hearrenfean mei ien wei der troch, de Rotstergaastwei.
'Nijskoat' is it lytste doarp yn de gemeente It Hearrenfean mei ien wei der troch, de Rotstergaastwei.


Yn it ferline lei Nijskoat tusken it spar en de Engelenfeart. Mei de komst fan it krematoarium en de útwreiding fan it yndustryterrein Súd fan It Heaarrenfean is de eastlike grins inkele hûnderten meters opskood. Formeel binne in oantal Skoatters dêrtroch yn It Hearrenfean komd te wenjen. Op it begraafplak stiet ek ien fan de [[Klokkestuollen yn Fryslân]]. Op [[26 septimber]] [[2009]] hie de liedklok fan Nijskoat nei 25 jier wer lûd.
Yn it ferline lei Nijskoat tusken it spoar en de Engelenfeart. Mei de komst fan it krematoarium en de útwreiding fan it yndustryterrein Súd fan It Heaarrenfean is de eastlike grins inkele hûnderten meters opskood. Formeel binne in oantal Skoatters dêrtroch yn It Hearrenfean komd te wenjen. Op it begraafplak stiet ek ien fan de [[Klokkestuollen yn Fryslân]]. Op [[26 septimber]] [[2009]] hie de liedklok fan Nijskoat nei 25 jier wer lûd.


== Doarpswapen en flagge ==
== Doarpswapen en flagge ==

De ferzje fan 27 des 2010 om 09.25

Nijskoat
Flagge fan Nijskoat Wapen fan Nijskoat
Flagge Wapen
Lokaasje fan Nijskoat
Gemeente It Hearrenfean
Ynwennertal (2010) 142
Webstee []
Gemeente It Hearrenfean
Komboerd rjochting Rotstergaast

Nijskoat is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean yn it suden fan Fryslân.

It doarp leit by de suderein fan it flek It Hearrenfean, besuden De Heide. It doarp is ûntstien op in sânrich, dat de namme komt fan "skoat" yn de betsjutting fan "heech lân". It "Nij" is dan ta ûnderskied mei Aldskoat.

Lâns Nijskoat, oan de westside, rint de Engelenfeart. Oan de noardside wurdt it begrinze troch wenwyk De Heide en rekreaasjegebiet De Heide yn It Hearrenfean. 'Nijskoat' is it lytste doarp yn de gemeente It Hearrenfean mei ien wei der troch, de Rotstergaastwei.

Yn it ferline lei Nijskoat tusken it spoar en de Engelenfeart. Mei de komst fan it krematoarium en de útwreiding fan it yndustryterrein Súd fan It Heaarrenfean is de eastlike grins inkele hûnderten meters opskood. Formeel binne in oantal Skoatters dêrtroch yn It Hearrenfean komd te wenjen. Op it begraafplak stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân. Op 26 septimber 2009 hie de liedklok fan Nijskoat nei 25 jier wer lûd.

Doarpswapen en flagge

Nijskoat hat sûnt 2006 in doarpswapen en flagge. Skoat betsjut foarútspringend stik lân en wurdt útbylde mei de griene punt yn it gouden skyld. De sulveren klaver yn de foet fan it skyld ferwiist nei it agraryske karakter fan Nijskoat. Op de kaart fan Schotanus (begjin 18e ieu) steane twa einekoaien oanjûn, op it wapen is dat it reade eintsje. De iketûken en de ikels jouwe de ikebosk by Nijskoat oan. In iik jout net allinnich timmerhout, mar waard eartiids ek in soad as bargefoer jûn en fan de bast waard loaistof makke. De gouden eftergrûn jout de sângrûn oan. De reade seam fan de griene punt op de flagge is symboal foar de lintbegbouwing fan Nijskoat.

Mienskip

In jierlikse tradysje is it boskfeest. De buorljudei is yn septimber, op 11 novimber rinne de bern mei lampions. Yn desimber is de krystfiering yn it tsjerkje mei in ôfslutend stamppotbuffet yn De Stâl. In wurkgroep soarget foar it ophingjen fan plantebakken oan de lantearnepeallen.
De fuotbalklup spilet sûnt de jierren 70 net mear yn doarp mar op It Hearrenfean, de bining mei it doarp is dêrtroch minder wurden.

Ferienings

Berne yn Nijskoat

Befolking

2003 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010
149 153 147 145 153 133 144 142

Strjitten

  • Tsjerkepaad - ieuwenâld fuotpaad troch lannen en oer hiemen dat de ferbining foarme tusken Aldskoat en Rotstergaast. It hat as feekearing ferskate klaphikjes. By de oanlis foar it bedriuwenterrein is in stik fan it paad ferwdwûn. It waard ek wol Skoalpaad neamd.
  • Nijskoaterheide - buorskip fan Nijskoat oan de westkant fan de Rotstergaastwei.
  • Rotstergaastwei - yn it ferlingde fan de Heremawei fan it spoar yn westlike rjochting fan Rotstergaast nei Rottum. De wei stiet al op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718, mar is sûnder mis âlder.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: