Sibearje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.5.2) (Bot - derby: szl:Syberyjo
SieBot (oerlis | bydragen)
Rigel 19: Rigel 19:
[[be-x-old:Сыбір]]
[[be-x-old:Сыбір]]
[[bg:Сибир]]
[[bg:Сибир]]
[[bo:སེ་པོ་རི་ཡ།]]
[[bo:སེ་བོ་རེ་ཡ།]]
[[br:Siberia]]
[[br:Siberia]]
[[bs:Sibir]]
[[bs:Sibir]]

De ferzje fan 23 des 2010 om 07.35

Yn it donkerread it Federaal Distrikt Sibearje, yn it read de breedste definysje fan Sibearje. Yn ljochtread de rest fan Ruslân

Sibearje (Russysk: Сиби́рь, Sibir) is de namme foar in grut diel fan Ruslân dat yn Aazje leit.

Geografysk hat Sibearje yn Ruslân in oerflakte fan 10.006.400 km². Dêrmei beslacht it 59% fan it totale oerflak fan Ruslân. It bestiet út de federale distrikten Oeral en Sibearje. Ek it noarden fan Kazakstan wurdt by Sibearje rekkene. Earder waard de Russyske eastkust der ek ta rekkene, mar dat hjit no it Russyske Fiere Easten.

It gebiet wurdt trochstreamd troch inkele fan de grutste rivieren yn de wrâld; de Ob, de Jenisej en de Lena. Oare grutte rivieren binne ûnder oare de grinsrivieren Amoer, de Olenjok en de Indigirka. Op de Amoer nei streame al dizze rivieren nei de Arktyske Oseaan.

Sibearje is bekend troch de grutte klimaatferskillen. Sa kin it der winterdeis bitter kâld wêze, wêrby't it oant fyftich graden frieze kin. Mer simmerdeis kin it maklik tritich graden wurde.