Paulette Goddard: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
fan nl:
Rigel 1: Rigel 1:
{{wurk}}
[[Ofbyld:PauletteGoddardinSecondChorus.jpg|thumb|250px|''Goddard yn Second Chorus'']]
[[Ofbyld:PauletteGoddardinSecondChorus.jpg|thumb|250px|''Goddard yn Second Chorus'']]
[[Ofbyld:Paulette Goddard in The Women trailer.jpg|thumb|250px|''Goddard yn The Women'' (1939)]]
[[Ofbyld:Paulette Goddard in The Women trailer.jpg|thumb|250px|''Goddard yn The Women'' (1939)]]
Rigel 15: Rigel 14:
Yn [[1939]] krige Goddard in kontrakt by Paramount Pictures. Har earste film dêre waard ''The Cat and the Canary''. De film feroare har karriêre.
Yn [[1939]] krige Goddard in kontrakt by Paramount Pictures. Har earste film dêre waard ''The Cat and the Canary''. De film feroare har karriêre.


Goddard wie yn [[1940]] fannijs te sjen neist Chaplin yn ''The Great Dictator''; letter neist [[Fred Astaire]] yn ''Second Chorus''. Hjir kaam se yn de kunde mei akteur [[Burgess Meredith]]. Earst yn 1944 trouden sy en yn 1950 waard it houlik wer ferbrutsen. Yn 1944 hie sy in miskream; dêrfoar of dêrnei hat sy gjin bern hân. St hat wol stiefmem fan twa fan Chaplin syn bern west.
Goddard wie yn [[1940]] fannijs te sjen neist Chaplin yn ''The Great Dictator''; letter neist [[Fred Astaire]] yn ''Second Chorus''. Hjir kaam se yn de kunde mei akteur [[Burgess Meredith]]. Earst yn 1944 trouden sy en yn 1950 waard it houlik wer ferbrutsen. Yn 1944 hie sy in miskream; dêrfoar of dêrnei hat sy gjin bern hân. St hat wol styfmem fan twa fan Chaplin syn bern west.


Voor haar rol in ''So Proudly We Hail!'' ([[1943]]) werd Goddard genomineerd voor een Academy Award voor Beste Vrouwelijke Bijrol. Het hoogtepunt in haar carrière was in de jaren '40. Hierna vervaagde haar carrière en stopte ze uiteindelijk met acteerwerk.
Foar har rol yn ''So Proudly We Hail!'' ([[1943]]) waard Goddard nominearre foar in Academy Award foar Bêste Froulike Byrol. It hichtepunt yn har karriêre wie yn de jierren '40; dêrnei rekke it yn de nederklits en hold sy lang om let op mei aktearjen.

In 1958 trouwde ze nog eens, met de Duits-Amerikaanse schrijver [[Erich Maria Remarque]]. Ze bleven bij elkaar tot zijn dood in 1970.
Yn 1958 troude se nochris, no mei de Dútsk-Amerikaanske skriuwer [[Erich Maria Remarque]]; oant syn dea yn 1970 ta binne sy by elkoar bleaun.<br>
Op [[23 april]] [[1990]] verloor ze haar gevecht tegen [[emfyseem]] en stierf vlak voor haar 80e verjaardag.
Op [[23 april]] [[1990]] stoar Goddard oan de gefolgen fan [[longemfyseem]].


== Filmografy (kar) ==
== Filmografy (kar) ==

De ferzje fan 8 des 2010 om 17.53

Goddard yn Second Chorus
Goddard yn The Women (1939)

Paulette Goddard, berne as Marion Pauline Levy (Whitestone Landing (New York), 3 juny 1910 - Ronco (Switserlân), 23 april 1990) wie in Amerikaansk aktrise.

Wurkpaad

Goddard har karriêre begûn yn de tsienerjierren. Se waard model en wie yn 1924 lid fan de Ziegfeld Follies (Broadway). Sy bleau yn it teater oant sy yn Hollywood trochbriek.

Goddard ferfarde nei Hollywood yn 1929, doe't hja in kontrakt krige by Hal Roach Studios. Sy wie yn koarte films te sjen neist Laurel & Hardy. By Samuel Goldwyn Productions krige se mear serieuze rollen tabedield en wie se te sjen neist aktrises as Betty Grable, Lucille Ball en Jane Wyman.

Yn 1932 moete Goddard Charlie Chaplin en krige in ferhâlding mei him. Chaplin kocht Goddard har kontrakt by Hal Roach Studios op, sadat sy foar him oan't wurk koe. Yn 1936 die sy mei oan Modern Times, neist Chaplin. Hoewol't Chaplin yn syn autobiografy skreau dat sy yn Kwomintang (Sina) trouden, yn 1936, hat dat nea legaal west. Sy gienen út elkoar yn 1942. Chaplin waard it iens mei Goddard der gjin opskuor oer te meitsjen.

Goddard waard hieltyd mear bekend. Yn 1939 die se mei oan The Woman mei Norma Shearer, Joan Crawford en Rosalind Russell. By it meitsjen fan dy film waard oerwoegen om Goddard foar de rol fan Scarlett O'Hara yn Gone with the Wind te freegjen.

Yn 1939 krige Goddard in kontrakt by Paramount Pictures. Har earste film dêre waard The Cat and the Canary. De film feroare har karriêre.

Goddard wie yn 1940 fannijs te sjen neist Chaplin yn The Great Dictator; letter neist Fred Astaire yn Second Chorus. Hjir kaam se yn de kunde mei akteur Burgess Meredith. Earst yn 1944 trouden sy en yn 1950 waard it houlik wer ferbrutsen. Yn 1944 hie sy in miskream; dêrfoar of dêrnei hat sy gjin bern hân. St hat wol styfmem fan twa fan Chaplin syn bern west.

Foar har rol yn So Proudly We Hail! (1943) waard Goddard nominearre foar in Academy Award foar Bêste Froulike Byrol. It hichtepunt yn har karriêre wie yn de jierren '40; dêrnei rekke it yn de nederklits en hold sy lang om let op mei aktearjen.

Yn 1958 troude se nochris, no mei de Dútsk-Amerikaanske skriuwer Erich Maria Remarque; oant syn dea yn 1970 ta binne sy by elkoar bleaun.
Op 23 april 1990 stoar Goddard oan de gefolgen fan longemfyseem.

Filmografy (kar)