Surch: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Aliter (oerlis | bydragen)
wikt
Rigel 50: Rigel 50:
* [http://www.northseatrail.nl/ Noardsee Kustpaad - North Sea Trail].
* [http://www.northseatrail.nl/ Noardsee Kustpaad - North Sea Trail].
*[http://www.wunseradiel.nl/index.php?simaction=content&mediumid=1 Webstee Wûnseradiel].
*[http://www.wunseradiel.nl/index.php?simaction=content&mediumid=1 Webstee Wûnseradiel].
* {{Wikiwurdboek}}


{{Koördinaten|53_6_43_N_5_23_38_E_type:city_zoom:15_region:NL|53° 7' NB, 5° 24' EL}}
{{Koördinaten|53_6_43_N_5_23_38_E_type:city_zoom:15_region:NL|53° 7' NB, 5° 24' EL}}

De ferzje fan 4 des 2010 om 21.51

Surch
Flagge fan Surch Wapen fan Surch
Flagge Wapen
Lokaasje fan Surch
Gemeente Wûnderadiel
Ynwennertal (2004) 160
Webstee http://www.wunseradiel.nl
Utsjoch op Surch fan de dyk ôf.
Kaart fan it doarp.

Surch is in doarp yn de gemeente Wûnseradiel, oan de seedyk tusken Harns en de Ofslútdyk. It leit wat benoarden fan it plak wêr't de Ofslútdyk de Fryske kust berikt. It doarp hat likernôch 160 ynwenners (2004). Troch de bou fan de Ofslútdyk tusken 1922-1932 wie der in soad te rêden yn it doarp.

Namme Surch

De namme Surch is wierskynlijk ôflaat fan Suderinghe wat súdhoeke betsjutte soe. It ûntstie op de súdlike ouwer fan de De Marne (wetter).

De Nederlânske namme Zurich liket sterk op Zürich, de Dútske namme fan de grutste stêd fan Switserlân. Dêrtroch krijt it doarp in soad besikers, ek út dat lân. Tsjin it plan fan de gemeente Wûnseradiel foar it ferfryskjen fan de namme yn it jier 2000 ûntstie yn it doarp dan ek in soad ferset.

Gebouwen

Yn 1998 waard it doarp troch in fersekeringsmaatskippij, dy't ek Zurich hjit, in nij gebou foar it keatsfjild tasein. Mar neidat it plan yntsjinne wie, klaude it bedriuw werom. It soe allegear in misferstân west ha.

It tsjerke (mei sealdaktoer) fan Surch waard yn 1772 ôfbrutsen, mar de toer bleau stean troch syn funksje as beaken foar de skipfeart. In lytse hûndert jier letter waard der in nije tsjerke tsjinoan boud.

Mienskip

Surch hat in eigen feriening foar Doarpsbelang.

Sport en rekreaasje

Troch it plak rint ek de Jeropeeske Kuierrûte E9, ek wol North Sea Trail neamd. De E9 rint by de kust lâns fan Portegal nei de Baltyske steaten.

De keatsferiening hat syn fjild oan de Suderigge.

Befolking

Op 1 jannewaris 1830 hie it doarp 152 ynwenners. Troch de oanlis fan de Ofslútdyk naam it ynwennertal ta, en yn 1958 wennen der 340 minsken. Sûnt de wei nei de Ofslútdyk net mear troch it doarp rint, is it ynwennertal wat ôfnomd. In basisskoalle dy't yn 1986 boud waard, moast tsien jier letter sluten wurde troch te min bern.

Strjitten

Ald Mar, Fabryksstrjitte, Fiadukt, Goaiumerwei, It Leech, Ottenbuortsterleane, Caspar de Roblesdyk, Skoallestrjitte, Stienleane, Suderigge, Tsjerkestrjitte.

Sjoch ek

Keppeling om utens