FC Twinte: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
-n moat der by tink?
Rigel 87: Rigel 87:


[[Kategory: Nederlânske fuotbalklup]]
[[Kategory: Nederlânske fuotbalklup]]
[[Kategory:Ynskedee]]


[[af:FC Twente]]
[[af:FC Twente]]

De ferzje fan 4 des 2010 om 02.28

FK Twente
FK Twente Flagge
Basis ynformaasje
Namme FK Twente
Oprjochte 1965
Stadion De Grolsch Veste
Kapasiteit 24.000
Klubkleuren Read
Foarsitter Jan Musterman
Trener Michel Preud'homme
Kompetysje Earedivyzje


Fuotbalklub Twente is in Nederlânske fuotbalferiening út Ynskedee dy't sûnt de oprjochting yn 1965 yn it betelle fuotbal sit. Allinich yn it seizoen 1983/84 spile FK Twente net yn 'e earedivyzje. Har motto is: mear as in klub. Op de UEFA ranglist stiet FK Twente as fiifde Nederlânske klub op it 84e plak. Yn it seizoen 2009/10 waard FK Twente foar it earst winner fan 'e earedivyzje. Harren tradisjonele tenú is read, it stadion fan de Tukkers, sa wurde de spilers fan FK Twente ek wol neamd, is de Grolsch Veste dêr't 24 000 minsken yn kinne.

Oprjochting

FK Twente waard berne yn 1965 troch in fúzje fan sportklub Ynskedee út de earedivyzje en Ynskedeese Boys út de earste divyzje. De petearen dêroer wiene al tsien jier foar 1965 begûn. Mar de fúzje waard pas needsaaklik yn 1964 doe't sportklub Ynskedee in grut begruttingstekoart hie. Op 11 jannewaarje 1965 waarden der ferkiezings hâlden by de twa ferienings, beide sportklubs giene akkoard en de nije club soe FK Twente hjitte.

Skiednis

Seizoen Komp. Beker Jeropa
1965/66 11e (ERE) Earste omgong
1966/67 13e (ERE) Lêste 32
1967/68 8e (ERE) Lêste 4
1968/69 3e (ERE) Lêste 16
1969/70 4e (ERE) Lêste 4 JBS
1970/71 5e (ERE) Lêste 16 JBS
1971/72 3e (ERE) Lêste 32
1972/73 3e (ERE) Lêste 8 UEFA
1973/74 2e (ERE) Lêste 16 UEFA
1974/75 4e (ERE) Finale UEFA
1975/76 4e (ERE) Lêste 16
1976/77 9e (ERE) Winnaar
1977/78 4e (ERE) Lêste 32 EC II
1978/79 12e (ERE) Finale UEFA

1965-1979 De Gouden Jierren

Yn 'e earste jierren fan FK Twente wie it net maklik foar de klub, de prestaasjes fan 'e klub wiene min en de skuld waard grutter, mar yn 1967 kaam de omkear: in spiler waard ferkocht foar in heal miljoen. Dêrtroch kaam der jild foar nije spilers en koe de skuld ôflost wurde. De prestaasjes waarden better en better. Yn it seizoen 1972/73 kaam FK Twente yn 'e finale fan de UEFA kup en de KNVB beker. Mar de earste haadpriis kaam pas yn 1976/77, doe hat FK Twente mei 3-0 de finale fan de KNVB beker wûn. De stjerspilers fan it suksesteam wiene Frans Thijssen, Johan Zuidema, Jan bos, Arnold Mühren, Niels Overweg en letter ek Hallvar Thoresen, Pyt Wildschut en André fan Geveren. De oerwinning yn de KNVB beker soe de lêste wêze yn fiifentweintich jier.

1980-1992 Degradaasje en Weropstanning

Nei de gouden jierren giene in protte wichtige spilers fuort en dêrom waard de klub yn stee fan yn potensjele kampioen in potensjele degradaasje klub. En dy degradaasje liet net sa lang op him wachtsje. Yn 1982/83 waard FK Twente sechtjinde en derom degradearre de klub nei de earste divyzje. Lokkich foar Twente kaam de klub it jier dêrnei gelyk wer werom. Mar ek yn de jierren dy't dêrop folgje, kin FK Twente net mear de prestaasjes fan de gouden jierren herhelje en de klub bliuwt yn de middenmoat. Hoewol't FK Twente noch trije kear as tredde einigje.

1993-2010 Fan Hast Fallyt Nei Lânskampioen

Yn de jierren dêrnei bleau FK Twente hieltyd wat yn de middenmoat. Yn de jierren njoggentich fan de 20e ieuw wie der it grutte feroaring: der koe in nij stadion boud wurde. Yn 1998 wurde it âlde Diekman Stadion wei dien foar de nije Grolsch Veste. Lykwols docht yn 2004 bliken dat FK Twente wer in skuld fan 3,1 miljoen hat, de klub balansearre op 'e râne fan it fallisemint. Mar de nije foarsitter Joop Musterman brocht FK Twente der wer boppeop. Nei't Munsterman de skuld ferdwine litten hat, waard FK Twente yn it seizoen 2009/10 lânskampioen.

Akkomodaasje

De Grolsch Veste

De Grolsch Veste

De thúswedstriden fan FK Twente wurde yn de Grolsch Veste spile. It stadion stiet yn Ynskedee en de kapasiteit is 24 000 minsken. De earste peal fan 'e Grolsch Veste gie yn 1997 yn 'e grûn en op 10 maaie 1998 waard de earste wedstriid spile: FK Twente-PSV Eindhoven waard 3-0. Doe hie it stadion noch mar 13 500 plakken. Yn 2007 begûn FK Twente mei in útwreiding fan it stadion sadat der no 24 000 minsken yn kinne. Ek binne der plannen om it stadion fierder út te wreidzjen nei 44 000 minsken sadat de Grolsch Veste ien fan de stadions foar it Wrâldkampioenskip fuotbal 2018 wurde kinne soe. De gemeente hat al tastimming jûn foar de útbou.

Trainingsfjilden

Doe't it nije stadion boud waard, moast FK Twente sykje nei in nij plak om te trainen. Dy hawwe sy fûn by it Fanny Blankers-Koen Stadion. It FBK-stadion waard folslein ferboud ta in modern trainingsakkomodaasje en der binne seis fuotbalfjilden makke. De trainingsfjilden fan FK Twente lizze yn Hengelo, wat spesjaal is, omdat it stadion yn Ynskedee stiet. Ek is de jeugdoplieding yn Hengelo en spilet Jong Twente harren wedstriden dêr.