Natasha Henstridge: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Almabot (oerlis | bydragen)
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Rigel 36: Rigel 36:
{{DEFAULTSORT:Henstridge, Natasha}}
{{DEFAULTSORT:Henstridge, Natasha}}
[[Kategory:Kanadeesk akteur]]
[[Kategory:Kanadeesk akteur]]
[[Kategory:Kanadeesk persoan]]
[[Kategory:Filmakteur]]
[[Kategory:Model]]


[[de:Natasha Henstridge]]
[[de:Natasha Henstridge]]

De ferzje fan 29 nov 2010 om 00.45

Natasha Henstridge yn 2009

Natasha Henstridge (Springdale (Newfoundland), 15 augustus 1974) is in Kanadeesk earder fotomodel en filmaktrise.

Mei trettjin jier die hja mei oan de Casablanca Modeling Agency's "Look of the Year"-wedstriid en waard earste. It jier dêrop gie hja nei Parys foar modellewurk. Mei fyftjin jier stie se op it omslach fan de Frânske edysje fan Cosmopolitan. Mear blêden folgen en ek yn reklamefilmkes ferskynde hja, lykas yn dy foar Olay, Old Spice en Lady Stetson. Doe't hja har modellekarriêre op'e rit hie gie hja oer nei film.

Yn 1995 debutearre sy as filmaktrise yn de film Species. Sy wûn yn 2008 in Gemini Award foar har haadrol yn de minisearje Would Be Kings. Hja spilet neist films ek yn televyzjerigen. Sa wie hja te sjen yn fjirtich ôfleveringen fan She Spies, sechtjin kear yn Commander in Chief en hat sy sûnt jannewaris 2008 in fêste rol yn Eli Stone. Sy waard bekend om har yntime rollen en sekssênes, foarbylden dêrfan sitte yn Species (1995) en Steal (2002).

Henstridge troude yn 1995 mei akteur Damian Chapa, mar skiede in jier letter wer fan him. Se is mem fan twa soantsjes: Tristan River Waite (oktober 1998) en Asher Sky Waite (septimber 2001). De heit fan de bern is akteur Liam Waite. Teffens hat sy in ferkearing fan fiif jier efter de rêch, oant 2010, mei de Skotske singer-songwriter, toanielakteur en skriuwer Darius Campbell.

Filmografy