Piëmont: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
Escarbot (oerlis | bydragen)
L [r2.5.1] Bot - derby: ki:Piemonte
Rigel 118: Rigel 118:
[[jv:Piemonte]]
[[jv:Piemonte]]
[[ka:პიემონტი]]
[[ka:პიემონტი]]
[[ki:Piemonte]]
[[km:ខេត្តជើងភ្នំ (ប្រទេសអ៊ីតាលី)]]
[[km:ខេត្តជើងភ្នំ (ប្រទេសអ៊ីតាលី)]]
[[ko:피에몬테 주]]
[[ko:피에몬테 주]]

De ferzje fan 27 nov 2010 om 10.47

Piëmont
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Turyn
Oerflakte 25.400
Befolking 4.289.000
Befolkingstichtens 166
Oare ynformaasje
Heechste punt Dufourspitze 4643
Oantal gemeenten 1206
Provinsjes Alessandria, Asty, Biella, Kuneo, Novara, Turyn, Ferbano-Kusio-Ossola, Ferselly

Piëmont (Italjaansk: Piemonte) is in regio yn Itaalje mei as haadstêd Turyn. De namme Piemonte betsjut yn it Italjaansk letterlik 'oan de foet fan de bergen'. Piëmont grinzet oan Switserlân en Frankryk en oan de Italjaanske regio's Ligurje, Emilia-Romagna en Lombardije.

De wichtichste taal dy't brûkt wurdt is it Italjaansk, mar der wurdt ek Frânsk en wat Ositaansk sprutsen.

Lânskip

It lânskip is yn trije parten op te dielen:


Skiednis yn it koart

Piemonte makke mear as tûzen jier part út fan it Romeinske ryk. Op de ein fan de Romeinske tiid, waard it tidens de Grutte Folkeferfarren ferskate kearen plondere troch omreizgjende folken. It kaam yn besit fan de Ostrogoaten en letter de Longobarden. Under Karel de Grutte makke it diel út fan it Frankyske ryk.

Yn de rin fan midsieuwen hienen de markizen fan Piëmont it der foar it sizzen. It Hûs fan Savoye makke Piëmont ûnderhearrich en Frankryk en de Habsburgers hawwe in soad om it gebiet fochten.

Yn 1718 waard Piëmont feriene mei Sardynje en de Habsburchske keizer skonk harren de keningstitel (Keninkryk Sardynje). Nei de besetting troch Napoleon yn 1798 kamen de Eastenrikers oan de macht. Sy makken it gebiet ta in marjonettensteat mei Klemens fan Metternich oan it haad. Sûnt 1847 kaam de befolking hieltyd faker yn opstân tsjin de Eastenrikers en yn 1859 waarden sy troch de Piemontezen en de Frânsken ferneatigjend ferslein yn de slach by Solferino.

Yn 1861 waard Victor Emanuel II ta kening fan it feriene Itaalje kroand. Sûnt dy tiid is Piemonte Italjaansk gebiet


Piëmonteeske Rysfjilden tusken Novara en Ferselly

Provinsjes en wichtige stêden

Provinsje Ofkoarting Haadstêd Wichtichste plakken
Alessandria AL Alessandria Kasale Monferrato, Tortona
20px Asty AT Asty Nizza Monferrato, Canelly
Biella BI Biella Cossato
Kuneo CN Kuneo Saluzzo, Alba, Bra
Novara NO Novara Borgomanero, Arona
Turyn TO Turyn Rivoly, Monsaliery, Ivrea
Ferbano Kusio Ossola VB Ferbania Domodossola, Omegna
Ferselly VC Ferselly Santhia