Grutsirkel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ms:Bulatan besar
L Bot - derby: br:Kelc'h bras
Rigel 11: Rigel 11:
[[ast:Gran círculu]]
[[ast:Gran círculu]]
[[bg:Голяма окръжност]]
[[bg:Голяма окръжност]]
[[br:Kelc'h bras]]
[[ca:Cercle màxim]]
[[ca:Cercle màxim]]
[[da:Storcirkel]]
[[da:Storcirkel]]

De ferzje fan 19 nov 2010 om 23.11

Grutsirkel (read) en lytssirkel (blau)

In grutsirkel is de snijsirkel fan it oerflak fan in bol mei in flak troch it middelpunt fan de bol. Ek by de Ierde, en oare planeten, wurdt it wurd grutsirkel brûkt foar dy snijsirkel, alhoewol't de planeten gjin suvere bollen binne.

Op Ierde is de evener de ienige parallel dy't in grutsirkel is. Oarsom foarmet eltse meridiaan tegearre mei de meridiaan oan de oare kant fan de wrâld in grutsirkel. Ek de sirkels oer de Ierde dy't op deselde twa plakken de evener snije as in grutsirkel in medidiaan bylâns docht, binne wer grutsirkels, dat grutsirkels kinne yn eltse rjochting lizze.

De koartste ferbining tusken twa punten op in bol is it part fan de grutsirkel troch dy twa punten. Der is presys ien sa'n grutsirkel om't trije punten in flak fêstlizze, yn dit gefal it middelpunt fan de Ierde en de twa punten op it ierdoerflak. Sa'n koartste ferbining liket op kaarten lykwols bytiden om in bochtsje te gean. Dat is dan om't op dy kaart, bygelyks yn de Merkatorprojeksje, de grutsirkels net as rjochte line werjûn wurde, meast útsein de evener.