Substraattaal: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Germaanske lûdferskowing
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
nederland rulezzzzzzzzzzz
In '''substraattaal''' is in taal dy't yn in beskate krite belies jûn hat foar in oare taal, de [[superstraattaal]]. Somtiden wurdt ek wol de koartere term ''substraat'' brûkt.

== Taalwiksel ==
By in [[taalwiksel]] wurdt in taal yn in beskate krite ferfongen troch in nije taal. De ferfongen taal is dan de substraattaal fan de nije taal. As bûten dy krite noch in foarm fan dy âlde taal praat wurdt, dan is dat in [[adstraattaal]] fan de nije taal. Oarsom is de nije taal fan de krite de [[superstraattaal]] fan de âlde taal.

Om't it ferfangen meast net folslein is, binne yn in superstraattaal faak resten fan de substraattaal werom te finen. Dizze resten, dy't ôfwike fan de normale regels fan de taal, kinne gewoane wurden wêze mar ek nammen, lykas âlde [[plaknammen]] of tradisjonele [[persoansnammen]].

== Foarbylden ==
Foar de [[Angelsaksysk]]e ynvaasje waard yn [[Ingelân]] [[Keltysk]] praat. It [[Ingelsk]] hat dêr dus in Keltysk substraat.

Ear't de [[Germanen]] troch de [[Limes]] brieken, waard yn Súd-Dútslân nei alle gedachten in [[Romaansk]]e taal praat. It [[Dútsk]] hat dêr dan in Romaansk substraat. Mar ek dy Romaanske taal hie wer in substraattaal, it [[Keltysk]] dat noch earder yn dat gebiet praat waard.

== Protofrysk ==
Ek fan it Frysk wurdt oannaam dat der in substraattaal west hat by de folken dy't Frysk prate of praat hawwe. Oer dizze substraattaal fan it [[Frysk]], oantsjut as it [[Protofrysk]], is noch net folle bekend. Dat sil komme moatte fan rekonstruksje út resten.

By dizze rekonstruksje wurdt yn it earste plak sjoen nei wurdfoarmen dy't oan 'e [[Germaanske lûdferskowing]] net meidien hawwe. Sa is de [[Yndogermaansk]]e ''p'' oan it wurdbegjin yn alle Germaanske talen ta ''f'' wurden (Latynsk ''pellis'' wurdt ta Frysk ''fel''). As der yn it Frysk wurden foarkomme mei ''p'' oan it wurdbegjin dy't net fan lettere [[ûntliening]] of fan [[lûdneibauwen]] ôfkomstich binne, dan sil it dus om '''substraatwurden''' gean. Mûglike foarbylden binne: ''paad'' en ''poel''.

In mooglik foarbyld fan in âlde plaknamme koe ''[[Peazens]]'' wêze.

[[Kategory:Taalkunde]]

[[br:Substrat]]
[[de:Substrat (Linguistik)]]
[[en:Substratum]]
[[fr:Substrat]]
[[nds:Substraatspraak]]
[[nl:Substraattaal]]

De ferzje fan 15 mrt 2006 om 12.36

nederland rulezzzzzzzzzzz