Fagina: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 14: Rigel 14:
Yn de fagina is ôfskieding oanwêzich, [[faginale ôfskieding]] (as dizze abnormaal is ''[[fluor faginalis]]''). De ôfskieding bestiet út slym produsearre troch de liifmoermûle (''cervix''), ôfstjitten epiteel fan de fagina. Dizze fagina[[sel]]len befetsje glykogeen, wat omsetten wurdt ta [[molksoer]] (''laktaat'') troch de [[Lactobacillus]]. Dizze [[baktearje]] heart hjir thús en soarget derfoar dat troch molksoerproduksje de [[soergraad]] fan de fagina leech bliuwt. Dit soarget, tegearre mei de slymproduksje út de liifmoermûle, dat der gjin baktearjen wêrtroch [[ynfeksje]]s yn de liifmoer en de [[liifsholte]] ûntsteane nei boppe ta gean kinne. Dizze ôfskieding is ornaris rookleas en jout fierder gjin klachten en hjit dêrom ek wol ''fluor albus'', ''wite ôfskieding'' of [[wite floed]]. Hoefolle der is hinget ôf fan de [[syklus]]. Healwei de syklus, om de [[aaisprong]] (''ovulaasje'') hinne, nimt de ôfskieding ta, dêrnei wer ôf.

Ôfskieding kin ek tanimme by [[seksuele opwining]]. Troch ferhege bloedtafier ûntstiet [[kongestje]] fan [[bloed]] en dêrtroch komt focht troch de wand fan de fagina (''transudaasje''). Fierders wurdt ôfskieding produsearre troch ferhege ôfjefte troch de [[klieren fan Bartholin]] by de fagina-iepening.

== Hoer == jwz vagina heb jij een masker op? Ow nee het is je kk kop.. zxxx ;)op de piem

== Undersyk ==
== Undersyk ==

De ferzje fan 4 nov 2010 om 21.02

1 = Klitoarisfoarhûd,
2 = Klitoaris,
3 = Binnenste skamlippen,
4 = Fagina-iepening,
5 = Bûtenstkie skamlippn

De fagina of skie is it ynwindige diel fan it geslachtsorgaan dat by froulike bisten (wêrûnder de minsk) de liifmoer mei de bûtenkant fan it lichem ferbynt. It útwindige diel wurdt vulva neamd.

De fagina is geskikt om de penis yn te bringen by it geslachtsferkear of koïtus. At dêr in swierwêzen út fuortkomt, is de fagina in diel fan it bertekanaal by de befalling.

Fagina is in Latynsk wurd dat ûnder oaren de skie fan in swurd betsjut.

Anatomy

De fagina is in 8 oant 10 sm lange elastyske buis, mei spieren der omhinne. Yn ûntspannen tastân is de fagina ôfsluten en lizze de foar- en efterwand tsjin inoar oan wêrtroch't it yn dwerse trochsnee in H-foarmige spjalt foarmet. Boppe-yn de fagina is it skieferwulf (fornix) dy't om de liifmoerhals (serviks) sit. Underoan wurdt de fagina begrinze troch de hymenaalring, restkes fan it fammeflues (hymen). De fagina is bedekt mei in glykogeenryk mearlagich net-ferhoarne laachepiteel. Hjirtroch is de binnenkant fan de fagina gewoanlik rôze, krekt as alle slymfluezen by sûchdieren. De spierlaach is tin oanwêzich. Tusken de faginaspierlaach en organen der omhinne, lykas de bongel mei pisbuis (urethra) en de earsterm (rectum), sit bynweefsel (it paracolpium) mei bloedbanen, senuwen en bekkenboaiemspieren. Tusken de earsterm en de fagina hjit dit it septum rectofaginale. As in frou rjochop stiet, stiet de faginale buis yn in nei efteren omheechsteande posysje en foarmet in hoeke fan efkes mear as 90 graden mei de liifmoer (uterus).

Yn de fagina is ôfskieding oanwêzich, faginale ôfskieding (as dizze abnormaal is fluor faginalis). De ôfskieding bestiet út slym produsearre troch de liifmoermûle (cervix), ôfstjitten epiteel fan de fagina. Dizze faginasellen befetsje glykogeen, wat omsetten wurdt ta molksoer (laktaat) troch de Lactobacillus. Dizze baktearje heart hjir thús en soarget derfoar dat troch molksoerproduksje de soergraad fan de fagina leech bliuwt. Dit soarget, tegearre mei de slymproduksje út de liifmoermûle, dat der gjin baktearjen wêrtroch ynfeksjes yn de liifmoer en de liifsholte ûntsteane nei boppe ta gean kinne. Dizze ôfskieding is ornaris rookleas en jout fierder gjin klachten en hjit dêrom ek wol fluor albus, wite ôfskieding of wite floed. Hoefolle der is hinget ôf fan de syklus. Healwei de syklus, om de aaisprong (ovulaasje) hinne, nimt de ôfskieding ta, dêrnei wer ôf. Ôfskieding kin ek tanimme by seksuele opwining. Troch ferhege bloedtafier ûntstiet kongestje fan bloed en dêrtroch komt focht troch de wand fan de fagina (transudaasje). Fierders wurdt ôfskieding produsearre troch ferhege ôfjefte troch de klieren fan Bartholin by de fagina-iepening.

Undersyk

Faginaal tûsjearje is ûndersyk fan de ynwindige geslachtsorganen wêrby't mei ien of twa fingers yn de skie, mei de oare hân op de búkwand, op'e taast de grutte en lizzing fan de liifmoer mei de liifmoerhals field wurde. Somtiden is it mooglik ek wat fan de aaistokken te fielen en as it ûndersyk pynlik is kin bepaald wurde wêr't dy pine dan sit. Mei help fan it spekulum kin in arts de binnenkant fan de fagina en bûtenkant fan de liifmoermûle ynspektearje. Dêrby kin der ek in útstrykje fan de liifmoermûle, en/of kweken fan de fagina makke wurde.

Befalling

Under in befalling wurdt de fagina oprekt (oant wol 10 sm diameter) sadat de poppe der trochhinne kin. Dit oprekken bart troch it holtsje fan de poppe sels. Nei de kream herstelt de fagina him oant de oarspronklike grutte. As de befalling hurd giet kin de faginawand ynskuorre trochdat it net de tiid krijt om op te rekken. Soms wreidet sa'n skuor út nei de kringspier fan de anus ((sub-)totaalruptuer). Om bot ynskuorren foar te kommen sil men yn dat gefal de fagina ynknippe (episiotomy). Nei de befalling wurdt in skuor en/of knip hechte.

Kultuer

Seksuele organen wurde praktysk yn alle kultueren stigmatisearre, wêrby't ek de westerske beskaving it ûnderwerp faak as in taboe behannelet. It ienpersoans téaterstik De Fagina Monologen, skreaun troch Eve Ensler, wie hjirop in útsûndering, wêrtroch't it wurd fagina ynienen gongber waard yn it deistige brûken. Yn de populêre televyzjesearje Sex and the City komme in soad diskusjes foar oer de fagina en de sûnensaspekten fan de fagina.