Sealtersk Bûn: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Bernd (oerlis | bydragen)
Bernd (oerlis | bydragen)
Rigel 1: Rigel 1:
[[ofbyld:Bahnhofscharrel.jpg|thumb|right|300px|It Seelterfräiske Kulturhuus fan de Sealtersk Bûn, ek studio fan de ''[[Sealter útstjoering]]'']]
[[ofbyld:Bahnhofscharrel.jpg|thumb|right|300px|It Seelterfräiske Kulturhuus fan de Sealtersk Bûn, ek studio fan de ''[[Sealter útstjoering]]'']]
[[Ofbyld:Seelter Buund.jpg|thumb|130px]]
It '''Sealtersk Bûn''' ([[Sealtersk]]: ''Seelter Bund''; [[Dútsk]]: ''Heimatverein Saterland'') is in organisaasje dy’t strydt foar it Sealterfryske taal- en kultueraktivisme yn [[Sealterlân]]. It bûn waard yn [[1977]] oprjochte as ferfanger fan it [[Sealterbûn fan 1952]]. Lange tiid waard tocht dat it Sealtersk net mear te rêden wie. Rûnom [[1960]] waard de taal sels ferbean op skoallen. Mar mei help fan de sprekkundigen [[Marron C. Fort]] en [[Pyt Kramer]] en troch ynspannings fan it bûn is de taal sûnt de jierren ’70 wer sterk yn opkomst.

Rigel 11: Rigel 10:
[[Pyt Kramer]] is sûnt 6 maart 2010 earelid fan it Sealtersk Bûn yn it Sealterlân.
[[Pyt Kramer]] is sûnt 6 maart 2010 earelid fan it Sealtersk Bûn yn it Sealterlân.

[[Ofbyld:Seelter Buund.jpg|thumb|left|130px]]
[[Ofbyld:RobinHood.jpg|thumb|130px|Sealtersk Bun: It berneboek ''Robin Hood'' fan John F. Hooker, nei it Sealtersk oerset]]
== Literatuer ==
== Literatuer ==
* {{Aut|Theodor Deddens}} (red.) - ''25 Jahre Heimatverein Saterland -Seelter Buund- 1977-2002''.
* {{Aut|Theodor Deddens}} (red.) - ''25 Jahre Heimatverein Saterland -Seelter Buund- 1977-2002''.

De ferzje fan 1 nov 2010 om 22.09

It Seelterfräiske Kulturhuus fan de Sealtersk Bûn, ek studio fan de Sealter útstjoering

It Sealtersk Bûn (Sealtersk: Seelter Bund; Dútsk: Heimatverein Saterland) is in organisaasje dy’t strydt foar it Sealterfryske taal- en kultueraktivisme yn Sealterlân. It bûn waard yn 1977 oprjochte as ferfanger fan it Sealterbûn fan 1952. Lange tiid waard tocht dat it Sealtersk net mear te rêden wie. Rûnom 1960 waard de taal sels ferbean op skoallen. Mar mei help fan de sprekkundigen Marron C. Fort en Pyt Kramer en troch ynspannings fan it bûn is de taal sûnt de jierren ’70 wer sterk yn opkomst.

It Sealter Bûn hâldt har dwaande mei it bewarjen en ûntwikkeljen fan it Sealtersk. Ek ûndersyk en dokumintaasje fan de Sealterske skiednis en kultuer foarmet in wichtich part fan it wurk fan it bûn. It Sealter Bûn bewarret in protte kulturele bydragen yn har argyf.

De feriening hat likernôch 300 stipers. Tusken de 30 en 40 minsken dogge frijwilligerswurk troch aktyf te wurkjen oan de taal. Bygelyks it wurkjen oan de Sealterske stavering en grammatika en it skriuwen fan Sealterske teksten. De organisaasje wurdt benammen stipe troch private ûndersteunings en help fan it federale regear.

De organisaasje is lid fan it Jeropeesk Buro foar Minderheidstalen. Ek is it bûn dielnimmer oan de Fryske Rie en fan it Oldenburger Lânskip. Lykas it Westerlauwersk-Frysk en it Noardfrysk is de feriening lid fan it Jeropeeske Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden. Dat it Sealtersk opnomd is yn de list fan it hânfêst is fan grut belang foar de erkenning fan it Sealtersk.

Pyt Kramer is sûnt 6 maart 2010 earelid fan it Sealtersk Bûn yn it Sealterlân.

Sealtersk Bun: It berneboek Robin Hood fan John F. Hooker, nei it Sealtersk oerset

Literatuer

  • Theodor Deddens (red.) - 25 Jahre Heimatverein Saterland -Seelter Buund- 1977-2002.
  • Robin Hood, fan John F. Hooker, nei it Sealtersk oerset fan Gretchen Grosser, Ingeborg Einhaus en Johanna Evers, Comic. Utjouwerij Jens Quedens, Amrum, 1998, 16 Sieden.

Keppeling om utens