Warkum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Aliter (oerlis | bydragen)
L Tebek set ta de ferzje fan "Aliter"
Rigel 1: Rigel 1:
'''Warkum''' (Workum) is de haadstêd fan de gemeente [[Nijefurd]], is in stêd yn it súdwesten fan [[Fryslân]], mei 4167 ynwenners.

Oant de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] wie Warkum in selstannige gemeente.

Ta Warkum heart ek de buorskip [[It Heidenskip]].

== Skiednis ==
De stêd is ûntstien oan de [[Wimerts (Warkum)|Wimerts]], en oant yn de [[19e ieu]] rikte de súdein oan de [[Sudersee]] ta, dêr't de Wimerts yn [[It Soal]] oergong, in soal tusken [[De Bank]] en it [[Warkumer Nijlân]] troch. Mar hjoeddedei lizze foar de kust de polders it [[Griene Strân]] en it [[Giele Strân]], sadat Warkum no net mear oan see leit. De Wimerts is dimpt, en it Soal is no in brede feart tusken Warkum en de [[Iselmar]].

Ferskate soarten hannel en yndustry hawwe in rol spile yn 'e skiednis fan Warkum. Sa wienen der ielfiskers, dy't oant yn [[Londen]] ferkochten. Mar Warkum hie ek weverijen dy't sa'n grutte omset hienen yn Fryslân dat yn [[1504]] de [[Warkumer Jellen]] de standert foar gâns Fryslân waard. Mar ek wienen der yn Warkum in soad pottebakkers, dy't it bysûndere Warkumer [[Kerfsneedstienwurk]] ûntwikkele hawwe.
En fansels wie en is der, in soad skipsbou in Warkum.

Warkum wie ek it berteplak fan [[Jopie Huisman]] en yn de stêd is sûnt [[1986]] it [[Jopie Huisman Museum]] festige.

[[de:Workum]]
[[nl:Workum]]

De ferzje fan 6 mrt 2006 om 22.43

Warkum (Workum) is de haadstêd fan de gemeente Nijefurd, is in stêd yn it súdwesten fan Fryslân, mei 4167 ynwenners.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Warkum in selstannige gemeente.

Ta Warkum heart ek de buorskip It Heidenskip.

Skiednis

De stêd is ûntstien oan de Wimerts, en oant yn de 19e ieu rikte de súdein oan de Sudersee ta, dêr't de Wimerts yn It Soal oergong, in soal tusken De Bank en it Warkumer Nijlân troch. Mar hjoeddedei lizze foar de kust de polders it Griene Strân en it Giele Strân, sadat Warkum no net mear oan see leit. De Wimerts is dimpt, en it Soal is no in brede feart tusken Warkum en de Iselmar.

Ferskate soarten hannel en yndustry hawwe in rol spile yn 'e skiednis fan Warkum. Sa wienen der ielfiskers, dy't oant yn Londen ferkochten. Mar Warkum hie ek weverijen dy't sa'n grutte omset hienen yn Fryslân dat yn 1504 de Warkumer Jellen de standert foar gâns Fryslân waard. Mar ek wienen der yn Warkum in soad pottebakkers, dy't it bysûndere Warkumer Kerfsneedstienwurk ûntwikkele hawwe. En fansels wie en is der, in soad skipsbou in Warkum.

Warkum wie ek it berteplak fan Jopie Huisman en yn de stêd is sûnt 1986 it Jopie Huisman Museum festige.