Warkum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L stavering
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
'''Warkum''' (Workum) is de haadstêd fan de gemeente [[Nijefurd]], is in stêd yn it súdwesten fan [[Fryslân]], mei 4167 ynwenners.

Oant de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] wie Warkum in selstannige gemeente.

Ta Warkum heart ek de buorskip [[It Heidenskip]].

== Skiednis ==
De stêd is ûntstien oan de [[Wimerts (Warkum)|Wimerts]], en oant yn de [[19e ieu]] rikte de súdein oan de [[Sudersee]] ta, dêr't de Wimerts yn [[It Soal]] oergong, in soal tusken [[De Bank]] en it [[Warkumer Nijlân]] troch. Mar hjoeddedei lizze foar de kust de polders it [[Griene Strân]] en it [[Giele Strân]], sadat Warkum no net mear oan see leit. De Wimerts is dimpt, en it Soal is no in brede feart tusken Warkum en de [[Iselmar]].

Ferskate soarten hannel en yndustry hawwe in rol spile yn 'e skiednis fan Warkum. Sa wienen der ielfiskers, dy't oant yn [[Londen]] ferkochten. Mar Warkum hie ek weverijen dy't sa'n grutte omset hienen yn Fryslân dat yn [[1504]] de [[Warkumer Jellen]] de standert foar gâns Fryslân waard. Mar ek wienen der yn Warkum in soad pottebakkers, dy't it bysûndere Warkumer [[Kerfsneedstienwurk]] ûntwikkele hawwe.
En fansels wie en is der, in soad skipsbou in Warkum.

Warkum wie ek it berteplak fan [[Jopie Huisman]] en yn de stêd is sûnt [[1986]] it [[Jopie Huisman Museum]] festige.

[[de:Workum]]
[[nl:Workum]]

De ferzje fan 6 mrt 2006 om 22.06