Harry Potter and the Half-Blood Prince: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
FK-4 (oerlis | bydragen)
No edit summary
FK-4 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 12: Rigel 12:


[[Kategory:J.K. Rowling]]
[[Kategory:J.K. Rowling]]
[[Kategory:Harry Potter]]


[[ar:هاري بوتر والأمير الهجين]]
[[ar:هاري بوتر والأمير الهجين]]

De ferzje fan 26 okt 2010 om 22.20

Harry Potter and the Half-Blood Prince is in Ingelsk boek skreaun troch J. K. Rowling. It is it seisde part fan de sânrige oer Harry Potter. It boek beskriuwt it seisde jier fan de haadfiguer op in kostskoalle foar tsjoenders.

Fryske oersetting

De Fryske oersetting fan it boek soe noch oerset wurde moatte troch Jetske Bilker by Utjouwerij Bornmeer. Hja wie ek de oersetster fan it earste diel, en hja wie fan doel ek de oare seis boeken oer te setten. De oersetting fan 'Harry Potter and the Half-Blood Prince' soe yn 't Frysk likernôch 'Harry Potter en de Healbloed Prins' wêze moatte.

Film

Der is ek in film nei it boek útkomme, dy Harry Potter and the Half-Blood Prince hjit.

Gearfetting

It lân wurdt ûntheistere troch nuvere rampen en oanslagen, en hoewol't it heechsimmer is, hinget der in stiiffêste, driigjende mist. Yn 'e Privet Drive sit Harry Potter let yn 'e jûn ûnpasjintich op 'e komst fan professor Dumbledore te wachtsjen. Wat kin der sa wichtich wêze dat Dumbledore nei de Mûzema's komt om by him oan te sjen en wat net wachtsje kin oant Harry's weromkear nei Swiniastate? Soe it eat te krijen hawwe mei de âlde profesy dy't Harry oan it ein fan syn fyfte skoaljier heard hat? Harry's seisde jier op Swiniastate begjint ûngewoan, as Voldemort opnij oan krêften wynt en 'e wrâlden fan migels en tsjoenders harren hieltyd mear mei inoar fermingje...
Oersette omslachtekst fan 'e Hollânske ferzje fan it boek.