Pokémon: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
FK-4 (oerlis | bydragen)
FK-4 (oerlis | bydragen)
Rigel 31: Rigel 31:
De wichtichste fideospultsjes út 'e rige binne:
De wichtichste fideospultsjes út 'e rige binne:


Pokémon Red, Blue, Yellow (1e rige)
Pokémon Red, Blue, Yellow (earste rige)


Pokémon Gold, Silver, Chrystal (2e rige)
Pokémon Gold, Silver, Chrystal (twadde rige)


Pokémon Ruby, Sapphire, Emerald, Leafgreen, Firered (3e rige)
Pokémon Ruby, Sapphire, Emerald, Leafgreen, Firered (tredde rige)


Pokémon Diamond, Pearl, Platinum, Heartgold, Soulsilver (4e rige)
Pokémon Diamond, Pearl, Platinum, Heartgold, Soulsilver (fjirde rige)


Pokémon Black, White (5e rige)
Pokémon Black, White (fyfte rige)


Der binne noch mear spultsjes, dy't lykwols net it fêste patroan, dat hjirboppe beskreaun is, folget.
Der binne lykwols noch mear.


== Pokémon op 'e Tillevyzje ==
== Pokémon op 'e Tillevyzje ==

De ferzje fan 26 okt 2010 om 00.20

Wiki-Styl Pokéball

Pokémon is in wrâldwiid fenomeen fan it ynternasjonale bedriuw Nintendo, yn likernôch 1995 útfûn troch 'e Japanske Satosji Tadzjiry. In soad bern rûnom yn 'e wrâld binne opgroeid mei Pokémon. De raazje is begûn mei fideospultsjes, yn 't begjin op 'e Gameboy, mar no op 'e Nintendo DS. Ek binne der op 'e tillevyzje tekenfilmôfleveringen te sjen en kinne bern ferskate Pokémon-kaartsjes sammelje, wêrnei't se mei-inoar kaartspultsjes boartsje kinne. Dêrnjonken besteane der ek noch pokémon-stripteltsjes yn manga-styl

Wat binne Pokémon?

Pokémon binne lytse meunsterkes dy't libje yn in fantasijwrâld en dy't sims fange wurde (yn in pokéball) en traind wurde troch minsken. Se fjochtsje tsjin inoar, sadat se mear krêft krije en oanfallen brûken leare. Wannear't se in spesifyk krêftnivo berikke, kinne se in fan stal feroare (evolúsje). Sa wurde se ek grutter en sterker. Yn 't begjin wienen der 150 meunsterkes, mar nei't der in protte oare bykomd binne, binne der no 649 lytse skepseltsjes. Pokémon hawwe allegearre ien of twa types. Der besteane sântjin types, dy't allegearre foardiel hawwe tsjinoer beskate types en tsjinoer oare types wer neidiel hawwe. It fjoer-type kin bygelyks net goed tsjin it wettertype, mar it fjoertype is dan wol wer krêftich tsjin it gerstype. Sa hawwe pokémon troch harren types sterktes en swaktes. De pokémon-types binne:

In Pikachu-auto
Stien
Wetter
Tonger
Gers
Fergif
Psygysk
Fjoer
Ierde
Tsjuster
Fleanend
Ynsekt
Gewoan
Geast
Fjochtsjend
Izer
Iis
Draak

Pokémon yn 'e Fideospultsjes

Oeral ferskine Pokémon

Yn 'e fideospultsjes foar 'e Gameboy en Nintendo DS spilet immen in pokémontrainer, dy't safolle mooglik pokémon garje en waaksje litte moat. Hjirby lit men de Pokémon mei-inoar fjochtsje, wêrtroch't hja mear krêften krije, en sims sels mear oanfalle. Ek kinne pokémon roale wurde mei oare bern dy't it spultsje ek hawwe en kinne bern mei-inoar harren pokémon fjochtsje litte. Yn elk spultsje moat 'e boarter acht 'gym leaders' ferslaan, minsken dy't tige krêftige pokémon hawwe. Dêrby is it tûk in taktyk ta te passen, wêrby't 'type-foardiel' brûkt wurdt (lykas hjirboppe beskreaun is, by 'Wat binne Pokémon?'). Oan de ein moat 'e 'Elite Four' ferslein wurde, wêrnei't it spultsje útspile is. Dêrnei kin men noch besykje safolle mooglik pokémon te fangen en jin pokémon nóch mear te trainen.

De wichtichste fideospultsjes út 'e rige binne:

Pokémon Red, Blue, Yellow (earste rige)

Pokémon Gold, Silver, Chrystal (twadde rige)

Pokémon Ruby, Sapphire, Emerald, Leafgreen, Firered (tredde rige)

Pokémon Diamond, Pearl, Platinum, Heartgold, Soulsilver (fjirde rige)

Pokémon Black, White (fyfte rige)

Der binne noch mear spultsjes, dy't lykwols net it fêste patroan, dat hjirboppe beskreaun is, folget.

Pokémon op 'e Tillevyzje

It tillevyzjeprogramma oer Pokémon lit 'e reis fan it jonksje Ash Ketchum sjen, wêrby't er mei freonen en syn favorite Pokémon Pikachu troch it lân reizget om nei pokémon te sykjen en de Pokémon dy't er al hat, te trainen. Hy lit syn Pokémon fjochtsje tsjin oare trainers en sims ek tsjin gym lieders. Mei ferrin fan tiid giet er sims nei in oar lân, dêr't tige folle oare Pokémon te finen binne dy't er noch nea sjoen hat. Dizze pokémonlânnen yn 'e pokémon-wrâld binne: Kanto, Johto, Hoenn, Sinnoh en Isschu.

Ek komme der út en troch bioskoopfilms út oer Ash Ketchum en syn freon Pikachu.

Keppelings om utens