Gerhart: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
skiednis
oanf.
Rigel 1: Rigel 1:
'''Gerhart''' wie in [[Fryske greve]] út de [[9e ieu]]. [[Fryslân]] makke in dy tiid diel út fan it [[Frankyske ryk]]. Gerhart hie as lienhear kening [[Lodewyk de Fromme]] en bestjoerde tusken [[822]] en [[842]] út namme fan de kening it [[goa]]-greefskip [[Westergoa]].
'''Gerhart''' wie in [[Fryske greve]] út de [[9e ieu]]. [[Fryslân]] makke doe diel út fan it [[Frankyske ryk]].


== Skiednis ==
{{stobbe-skiednis}}
Gerhart hie as lienhear keizer [[Loadewyk de Fromme]] en bestjoerde tusken [[822]] en [[842]] út namme fan de keizer it [[goa]]-greefskip [[Westergoa]]. Om 830 hinne wienen yn it Frankyske ryk grutte ynterne problemen ûntstean troch de opposysje fan wichtige Frankyske eallju en de soannen fan de keizer. Ien fan dizze soannen [[Lotarius]] ferbûn him mei [[Denemarken|Deenske]] ''warlords''. Hy sette de Denen deroan ta om de Fryske kust oan te fallen om op dy wize druk útoefenen te kinnen tsjin syn heit, keizer Loadewyk.

De kustferdigening dy't troch de keizer organiseare waard wie net bot suksesfol. Foar in part wie dat in gefolch fan it feit dat de Friezen min te motivearen weinen om har te mingen yn it politike harrewarre fan de Frankyske besetters. De keizer stjoerde strange amtners en greven nei it gebiet fan de Friezen om har wer oan'e leie rinne te krijen. Benammen Gerhart waard fan neilittichheid beskuldige. Hy soe fersomme hawwe syn macht en foech te brûken. Mooglik hie der partij keazen foar Lotarius. Gerhart waard út syn amt set en ferlear al syn goederen yn Westergoa.


==Boarne==
==Boarne==
*{{Aut|D.P. Blok}} ''De Franken in Nederland'', Haarlem 1979, side 86.
*{{Aut|D.P. Blok}} ''De Franken in Nederland'', Haarlem 1979, side 86.
*{{aut|L. van der Tuit}}, ''Koningen en Krijgsheren, de Franken in de Lage Landen'', Kampen 2009, side 160.


[[Kategory:Fryske greve]]
[[Kategory:Fryske greve]]

De ferzje fan 24 okt 2010 om 16.27

Gerhart wie in Fryske greve út de 9e ieu. Fryslân makke doe diel út fan it Frankyske ryk.

Skiednis

Gerhart hie as lienhear keizer Loadewyk de Fromme en bestjoerde tusken 822 en 842 út namme fan de keizer it goa-greefskip Westergoa. Om 830 hinne wienen yn it Frankyske ryk grutte ynterne problemen ûntstean troch de opposysje fan wichtige Frankyske eallju en de soannen fan de keizer. Ien fan dizze soannen Lotarius ferbûn him mei Deenske warlords. Hy sette de Denen deroan ta om de Fryske kust oan te fallen om op dy wize druk útoefenen te kinnen tsjin syn heit, keizer Loadewyk.

De kustferdigening dy't troch de keizer organiseare waard wie net bot suksesfol. Foar in part wie dat in gefolch fan it feit dat de Friezen min te motivearen weinen om har te mingen yn it politike harrewarre fan de Frankyske besetters. De keizer stjoerde strange amtners en greven nei it gebiet fan de Friezen om har wer oan'e leie rinne te krijen. Benammen Gerhart waard fan neilittichheid beskuldige. Hy soe fersomme hawwe syn macht en foech te brûken. Mooglik hie der partij keazen foar Lotarius. Gerhart waard út syn amt set en ferlear al syn goederen yn Westergoa.

Boarne

  • D.P. Blok De Franken in Nederland, Haarlem 1979, side 86.
  • L. van der Tuit, Koningen en Krijgsheren, de Franken in de Lage Landen, Kampen 2009, side 160.