Anthony Trollope: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Bot - derby: fi:Anthony Trollope
L Bot - derby: cs:Anthony Trollope
Rigel 102: Rigel 102:


[[bg:Антъни Тролъп]]
[[bg:Антъни Тролъп]]
[[cs:Anthony Trollope]]
[[de:Anthony Trollope]]
[[de:Anthony Trollope]]
[[en:Anthony Trollope]]
[[en:Anthony Trollope]]

De ferzje fan 20 okt 2010 om 11.02

Anthony Trollope
Rose Heseltine Trollope

Anthony Trollope (Londen, 24 april 1815 - Londen, 6 desimber 1882) wie ien fan de meast súksesfolle en respektearre 19e ieuske Ingelstalige skriuwers. Hy wie ek amtner by de posterijen en útfiner fan de brievebus.

Biografy

Trollope waard berne yn Londen as soan fan de bekende reisferhaleskriuwster Frances Trollope en Thomas Trollope, in abbekaat. Hy moast nei ferskate kostskoallen oant de hûshâlding nei Belgje ferhuze. Syn ûnderfinings dêr wiene sa min dat er doe wol oan selsmoard tocht hat.

de bekende reade brievebus

Nei it ferstjerren fan syn heit, waard syn mem twong om mei it skriuwen fan reisferhalen troch de tiid te kommen. Trollope sels krige yn 1834 wurk by de Britske post. Dat brocht him yn 1841 yn Ierlân, in feit dat letter yn syn earste romans, dy't har dêr ôfspilen, trochklinke soe, mar dy't doetiids net in soad wurdearring krigen fan it Ingelske publyk. Hy troude dêr yn 1844 mei in Ingels frommes, Rose Heseltine. Hja wennen yn Ierlân oant 1859.

Troch it protte treinreizgjen foar syn wurk as postamtner, hie Trollope in soad tiid oer om te skriuwen. Hy moast fan himsels in beskaat oantal wurden deis skriuwe en mei dêrtroch waard er al rillegau ien fan de skriuwers fan syn generaasje dy't it meast út de wei sette.

Yn syn funksje as postbeamte wurdt Trollope ferantwurdlik achte foar it ynbringen fan de bekende reade brievebussen dy't noch hieltyd tsjinst dogge yn it Feriene Keninkryk. Troch it súkses fan syn romans koe er yn 1867 syn baan by de post opjaan en nei it fergees besykjen om yn it parlemint keazen te wurden, joech er him folslein oer oan de skriuwerij.

Hy hat 47 romans skreaun. De 6-dielige romanrige oer it fiktive greefskip Barsetshire is it bekendste wurden. Syn wurk is komysk-realistysk fan karakter en jout in moai byld fan de deltwongen konflikten fan de (hegere) middenklasse. De ek populêre Palliser-rige giet oer de politike aspiraasjes fan Plantagenet Palliser. Neist de romans hat er ek in stikmannich reisboeken en koarter wurk makke.

Ferlike mei tiidgenoat Charles Dickens is syn wurk minder sentiminteel en binne syn persoanaazjes minder karikatueren.

Trollope stoar yn 1882 en waard byset op it begraafplak Kensal Green, dêr't ek skriuwer Wilkie Collins leit.

Bibliografy

Chronicles of Barsetshire

  • The Warden (1855)
  • Barchester Towers (1857)
  • Doctor Thorne (1858)
  • Framley Parsonage (1861)
  • The Small House at Allington (1864)
  • The Last Chronicle of Barset (1867)

Pallisers-rige

  • Can You Forgive Her? (1864)
  • Phineas Finn (1869)
  • The Eustace Diamonds (1873)
  • Phineas Redux (1874)
  • The Prime Minister (1876)
  • The Duke's Children (1879)

Oare wurken

  • The Macdermots of Ballycloran (1847)
  • The Kellys and the O'Kellys (1848)
  • La Vendee (1850)
  • The Three Clerks (1858)
  • The West Indies and the Spanish Main (1859)
  • The Bertrams (1859)
  • Castle Richmond (1860)
  • Tales of All Countries—1st Series (1861)
  • Tales of All Countries—2nd Series (1863)
  • Tales of All Countries—3rd Series (1870)
  • Orley Farm (1862)
  • North America (1862)
  • Rachel Ray (1863)
  • Miss Mackenzie (1865)
  • The Belton Estate (1866)
  • The Claverings (1867)
  • Nina Balatka (1867)
  • Linda Tressel (1868)
  • He Knew He Was Right (1869)
  • Brown, Jones, and Robinson (1870)
  • The Vicar of Bullhampton (1870)
  • An Editor's Tales (1870)
  • Caesar (Ancient Classics) (1870)
  • Sir Harry Hotspur of Humblethwaite (1871)
  • Ralph the Heir (1871)
  • The Golden Lion of Granpere (1872)
  • Australia and New Zealand (1873)
  • Harry Heathcote of Gangoil (1874)
  • Lady Anna (1874)
  • The Way We Live Now, (1875)
  • The American Senator (1877)
  • Is He Popenjoy? (1878)
  • South Africa (1878)
  • John Caldigate (1879)
  • An Eye for an Eye (1879)
  • Cousin Henry (1879)
  • Thackeray (1879)
  • Life of Cicero (1880)
  • Ayala's Angel (1881)
  • Doctor Wortle's School (1881)
  • Frau Frohmann and other Stories (1882)
  • Lord Palmerston (1882)
  • The Fixed Period (1882)
  • Kept in the Dark (1882)
  • Marion Fay (1882)
  • Mr. Scarborough's Family (1883)

Keppeling om utens