Haersmastate (Drachten): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
LNo edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling fan nl:
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Haersma State.jpg|thumb|right|225px|''Haersmastate'']]
[[Ofbyld:Drachten, Haersmastate 1921.jpg|thumb|left|225px|''Haersmastate yn 1921...'']]
[[Ofbyld:Drachten, Haersmastate 1921.jpg|thumb|left|225px|''Haersmastate yn 1921...'']]
[[Ofbyld:Haersmastate Drachten 2010.JPG|thumb|215px||''...en yn 2010'']]
[[Ofbyld:Haersmastate Drachten 2010.JPG|thumb|215px||''...en yn 2010'']]
Rigel 6: Rigel 7:
It waard boud foar [[grytman]] [[Martinus Manger Cats]] fan [[Smellingerlân]] nei in ûntwerp fan arsjitekt [[Thomas Romein]]. Romein ûntwurp ek ferskate [[wettersteatstsjerke]]n en it gerjochtsgebou De Beurs yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
It waard boud foar [[grytman]] [[Martinus Manger Cats]] fan [[Smellingerlân]] nei in ûntwerp fan arsjitekt [[Thomas Romein]]. Romein ûntwurp ek ferskate [[wettersteatstsjerke]]n en it gerjochtsgebou De Beurs yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].


It bestek is bewarre bleaun yn it [[Frysk Museum]]. Yn de nijbou is materiaal út de yn 1841 ôfbrutsen [[Haersmastate (Aldegea)|Haersmastate]] yn [[Aldegea (Smellingerlân)|Aldegea]] ferwurke. Haersmastate is yn [[Klassisisme|klassisistyske]] styl oplutsen, in styl dy't wat as in neibloei fan de [[empirestyl]] beskôge wurde kin. Binnenyn is der in soad ferboud. Nei M.M. Cats waard de state tusken 1871-1881 bewenne troch [[Andries Pieters Pel]] en fan 1893 ôf wie de gemeente [[Smellingerlân]] eigener dy't de state tsientallen jierren ferhierd hat oan de [[Keninklike Maresjesee]]. Sûnt 2003 wurdt Haersmastate hierd troch HBD Bouwgroep bv.
It bestek is bewarre bleaun yn it [[Frysk Museum]]. Yn de nijbou is materiaal út de yn 1841 ôfbrutsen [[Haersmastate (Aldegea)|Haersmastate]] yn [[Aldegea (Smellingerlân)|Aldegea]] ferwurke. Haersmastate is yn [[Klassisisme|klassisistyske]] styl oplutsen, in styl dy't wat as in neibloei fan de [[empirestyl]] beskôge wurde kin. It is in blokfoaarmich hûs, mei in leech [[Skyldkape|skyldtek]] en hoekskoarstiens. Yn de middenpartij fan de [[gevel]] sit boppe de yntree in troch [[Ioanyske oarder|Ioanyske]] pylders droegen balkon. Binnenyn is der in soad ferboud. Yn 1857 waard mr. [[Epeus Manger Cats]] [[boargemaster]] fan [[Smellingerlân]] en hy kaam yn it hûs fan syn broer te wenjen. Doe't hy yn 1868 ôftrede en nei [[Grins (stêd)|Grins]] gie, waard de state by in feiling ferkocht. Nei M.M. Cats waard de state tusken 1871-1881 bewenne troch [[Andries Pieters Pel]] en fan 1893 ôf wie de gemeente [[Smellingerlân]] eigener dy't de state tsientallen jierren ferhierd hat oan de [[Keninklike Maresjesee]]. Sûnt 2003 wurdt Haersmastate hierd troch HBD Bouwgroep bv.


== It park ==
== It park ==
Rigel 17: Rigel 18:
*{{aut|Oostra, Jolt}}, Drachster namen. ''Toponymy van Drachten'', 1997
*{{aut|Oostra, Jolt}}, Drachster namen. ''Toponymy van Drachten'', 1997
}}
}}
{{Koördinaten|53_6_41.29_N_6_5_53.35_E_region:NL_zoom:18|53° 6' 41" NB   6° 5' 53" EL}}

[[Kategory:Drachten]]
[[Kategory:Drachten]]

[[nl:Haersma State (Drachten)]]

De ferzje fan 17 okt 2010 om 10.04

Haersmastate
Haersmastate yn 1921...
...en yn 2010

Haersmastate of: Veldzigt is in state út 1843 yn Drachten. It gebou is neamd nei de famylje Haersma dy't fan 1625 oant 1795 oanienwei in grytman fan Smellingerlân levere.

It waard boud foar grytman Martinus Manger Cats fan Smellingerlân nei in ûntwerp fan arsjitekt Thomas Romein. Romein ûntwurp ek ferskate wettersteatstsjerken en it gerjochtsgebou De Beurs yn Ljouwert.

It bestek is bewarre bleaun yn it Frysk Museum. Yn de nijbou is materiaal út de yn 1841 ôfbrutsen Haersmastate yn Aldegea ferwurke. Haersmastate is yn klassisistyske styl oplutsen, in styl dy't wat as in neibloei fan de empirestyl beskôge wurde kin. It is in blokfoaarmich hûs, mei in leech skyldtek en hoekskoarstiens. Yn de middenpartij fan de gevel sit boppe de yntree in troch Ioanyske pylders droegen balkon. Binnenyn is der in soad ferboud. Yn 1857 waard mr. Epeus Manger Cats boargemaster fan Smellingerlân en hy kaam yn it hûs fan syn broer te wenjen. Doe't hy yn 1868 ôftrede en nei Grins gie, waard de state by in feiling ferkocht. Nei M.M. Cats waard de state tusken 1871-1881 bewenne troch Andries Pieters Pel en fan 1893 ôf wie de gemeente Smellingerlân eigener dy't de state tsientallen jierren ferhierd hat oan de Keninklike Maresjesee. Sûnt 2003 wurdt Haersmastate hierd troch HBD Bouwgroep bv.

It park

It hûs leit yn in tún yn lânskipsstyl, neffens in ûntwerp fan Lucas Pieters Roodbaard, dy't fanwege de gemeente al yn 1924 foar it publyk iepen stelt wie. Yn 1932 waard de tún útwreide neffens in plan fan Kwekerij Moerheim. De oarspronklike ynrjochting is njonkenlytsen fiks oantaaste.

Oant 1985 hie it park de saneamde Drachtster Kei, in balstien fan 9000 kg, dy't yn 1930 op it Suderbegraafplak oan it ljocht kaam wie. Fierders binne der trije monuminten dy't slachtoffers fan de Twadde Wrâldkriich út Smellingerlan betinke.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: