Eeltsje Hettinga: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Abe de Vries - Verwijzing(en) gewijzigd naar Abe de Vries (skriuwer)
Rigel 5: Rigel 5:


== Dichter ==
== Dichter ==
Hettinga debutearre yn [[1977]] as dichter yn it literêre tydskrift [[Trotwaer]], in tydskrift wêryn't hy jierrenlang publisearje soe, krektas yn ûnder oare it blêd [[Hjir]]. Foar fjouwer fan syn fersen waard hy ûnderskieden mei in [[Rely Jorritsmapriis]] (yn 1988, 1991, 1994 en 1997). Ek waard in fers fan him opnomd yn de blomlêzing ''Spegel fan de Frysk poëzij fan de [[17e ieu]] oant hjoed'' (1994) fan [[Teake Oppewal]] en [[Pier Boorsma]]. Pas yn 1998 kaam lykwols syn earste dichtbondel út, ''Akten fan winter'', wêrfoar't him in jier letter de [[Fedde Schurerpriis]] takend waard. ''Akten fan winter'' waard troch kritisy goed ûntfongen, benammen om de sterke ienheid fan foarm, taal en tematyk. Ek Hettinga's twadde dichtbondel ''Dwingehôf'' (2000) krige positive resinsjes: [[Abe de Vries]] fûn it ien fan de grutte dichterlike prestaasjes yn it neioarlochske Fryslân. De Vries beskriuwde yn syn resinsje Hettinga's tematyk as ''"in persoanlike mytology fan ferline, oantinkens en dea"''.
Hettinga debutearre yn [[1977]] as dichter yn it literêre tydskrift [[Trotwaer]], in tydskrift wêryn't hy jierrenlang publisearje soe, krektas yn ûnder oare it blêd [[Hjir]]. Foar fjouwer fan syn fersen waard hy ûnderskieden mei in [[Rely Jorritsmapriis]] (yn 1988, 1991, 1994 en 1997). Ek waard in fers fan him opnomd yn de blomlêzing ''Spegel fan de Frysk poëzij fan de [[17e ieu]] oant hjoed'' (1994) fan [[Teake Oppewal]] en [[Pier Boorsma]]. Pas yn 1998 kaam lykwols syn earste dichtbondel út, ''Akten fan winter'', wêrfoar't him in jier letter de [[Fedde Schurerpriis]] takend waard. ''Akten fan winter'' waard troch kritisy goed ûntfongen, benammen om de sterke ienheid fan foarm, taal en tematyk. Ek Hettinga's twadde dichtbondel ''Dwingehôf'' (2000) krige positive resinsjes: [[Abe de Vries (skriuwer)|Abe de Vries]] fûn it ien fan de grutte dichterlike prestaasjes yn it neioarlochske Fryslân. De Vries beskriuwde yn syn resinsje Hettinga's tematyk as ''"in persoanlike mytology fan ferline, oantinkens en dea"''.


Tegearre mei de taalkundige/dichter [[Eric Hoekstra]] publisearre Hettinga yn 2002 ûnder it [[pseudonym]] ''Hu-Thung-song'' in bondel gedichten yn Sineeske styl, ''Yn 'e fal fan 'e jûn''. Hettinga, troch sommigen wol beskôge as it ''enfant terrible'' fan de Fryske literatuer, sei oer dizze bondel: ''"Literatuer is foar in part ek in grap. Sels josels moatte jo sa no en dan foar skut sette"''.
Tegearre mei de taalkundige/dichter [[Eric Hoekstra]] publisearre Hettinga yn 2002 ûnder it [[pseudonym]] ''Hu-Thung-song'' in bondel gedichten yn Sineeske styl, ''Yn 'e fal fan 'e jûn''. Hettinga, troch sommigen wol beskôge as it ''enfant terrible'' fan de Fryske literatuer, sei oer dizze bondel: ''"Literatuer is foar in part ek in grap. Sels josels moatte jo sa no en dan foar skut sette"''.

De ferzje fan 14 okt 2010 om 15.13

Eeltsje Hettinga ( Burchwert, 9 febrewaris 1955 ) is in Fryske skriuwer en dichter. Hy publisearre de poezijbondels: 'Akten fan Winter', 'Dwingehof' en 'Yn 'e fal fan jûn'. De lêste skreau er tegearre mei Eric Hoekstra ûnder it pseudonym Hu Thung-song. Foar 'Akten fan winter' krige Hettinga yn 1999 de Fedde Schurerpriis. Hettinga wie ek de driuwende krêft efter it Frysk-literêre ynternettydskrift, Kistwurk.

Eftergrûn

Hoewol't Eeltsje Hettinga nei de Pedagogyske Akademy yn Ljouwert gie en boppedat in oplieding ta learaar Nederlânsk folge, keas hy foar de sjoernalistyk. Yn it earstoan wie hy redakteur fan it wykblêd De Nije, mar yn 1983 waard hy selsstannich sjoernalist, en siet dêrom fiif jier yn de Feriene Steaten. Hy is ynteressearre yn byldzjende keunst. Hettinga is in jongere broer fan de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga.

Dichter

Hettinga debutearre yn 1977 as dichter yn it literêre tydskrift Trotwaer, in tydskrift wêryn't hy jierrenlang publisearje soe, krektas yn ûnder oare it blêd Hjir. Foar fjouwer fan syn fersen waard hy ûnderskieden mei in Rely Jorritsmapriis (yn 1988, 1991, 1994 en 1997). Ek waard in fers fan him opnomd yn de blomlêzing Spegel fan de Frysk poëzij fan de 17e ieu oant hjoed (1994) fan Teake Oppewal en Pier Boorsma. Pas yn 1998 kaam lykwols syn earste dichtbondel út, Akten fan winter, wêrfoar't him in jier letter de Fedde Schurerpriis takend waard. Akten fan winter waard troch kritisy goed ûntfongen, benammen om de sterke ienheid fan foarm, taal en tematyk. Ek Hettinga's twadde dichtbondel Dwingehôf (2000) krige positive resinsjes: Abe de Vries fûn it ien fan de grutte dichterlike prestaasjes yn it neioarlochske Fryslân. De Vries beskriuwde yn syn resinsje Hettinga's tematyk as "in persoanlike mytology fan ferline, oantinkens en dea".

Tegearre mei de taalkundige/dichter Eric Hoekstra publisearre Hettinga yn 2002 ûnder it pseudonym Hu-Thung-song in bondel gedichten yn Sineeske styl, Yn 'e fal fan 'e jûn. Hettinga, troch sommigen wol beskôge as it enfant terrible fan de Fryske literatuer, sei oer dizze bondel: "Literatuer is foar in part ek in grap. Sels josels moatte jo sa no en dan foar skut sette".

Yn 2006 ferskynde Hettinga's tredde bondel, Apreos, wêryn't hy him ynspirearje liet troch keunstners as Edward Hopper, Elmar Kuiper en benammen troch de Grinzer skilder Siep van den Berg.

Oersetter

Hettinga sette wurk oer fan ûnder oare Ingeborg Bachmann, Georges Bataille, Slauerhoff en Tomas Tranströmer yn it Frysk. Ek wie hy ferantwurdlik foar de einredaksje fan Der is gjin dêr, dêre (2003) fan Ronald Giphart, dat yn it Nederlânsk skreaun waard, mar net yn dy taal publisearre waard.

Oare aktiviteiten

Yn febrewaris 2002 rjochte Hettinga tegearre mei Elske Schotanus de Stifting Cepher op, in organisaasje dy't it befoarderjen fan [Fryske) letterkunde, literatuer en sjoernalistyk as doel hat. Hettinga wie de driuwende krêft efter ynternettydskrift Kistwurk (2000-2003), ien fan de projekten fan Cepher. Hy wie ek anneks by twa publikaasjes fan dizze stifting, de gedichtenbondels Wrâld, finster, gedicht (2003) en de trijetalige publikaasje gjin Grinzen, de Reis / geen Grenzen, de Reis / no Borders, the Voyage (2004). Sûnt 2005 is Hettinga redaksjelid fan it ynternettydskrift GO-GOL, in oar projekt fan Cepher. Ek begelidet er begjinnende dichters.

Hettinga wie de oprjochter fan it (net mear besteande) ienmans-ynternettydskrift Erosmos.

Wichtichste publikaasjes

Poëzij

  • 1998: Akten fan winter
  • 2000: Dwingehôf
  • 2002: Yn 'e fal fan jûn (mei Eric Hoekstra, ûnder it pseudonym Hu Thung-song)
  • 2006: Apreos

Oar wurk

  • 1994: Abe Gerlsma (monografy oer dizze keunstner)
  • 2003: Slauerhoff (gedichten fan Slauerhoff, oersetten troch Eppie Dam, Abe de Vries en Eeltsje Hettinga, ynlieden troch Eeltsje Hettinga)
  • 2003: einredaksje fan Der is gjin dêr, dêre fan Ronald Giphart

Prizen

  • 1988: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht Ofskied
  • 1991: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht Nacht oer Greonterp
  • 1994: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht It hinnekleed fan winter
  • 1997: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht De Woldberch
  • 1999: Fedde Schurerpriis foar de gedichtebondel Akten fan winter

Boarnen

Keppeling om utens