Wilhelmina fan de Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Rigel 18: Rigel 18:
[[Kategory:Hûs Oranje-Nassau]]
[[Kategory:Hûs Oranje-Nassau]]
[[Kategory:Kening fan Nederlân]]
[[Kategory:Kening fan Nederlân]]
[[Kategory:Persoan yn de Twadde Wrâldkriich]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan yn de Twadde Wrâldkriich]]


[[bg:Вилхелмина Нидерландска]]
[[bg:Вилхелмина Нидерландска]]

De ferzje fan 6 okt 2010 om 16.15

Wilhelmina yn 1909

Wilhelmina fan de Nederlannen (31 augustus 1880 - 28 novimber 1962) wie Keninginne fan Nederlân fan 1890 oan't 1948.

Wilhelmina, yn de earste wiken fan har libben Paulientje neamd, wie ienichst bern fan Kening Willem III by syn twadde frou Emma fan Waldeck-Pyrmont. Sy waard berne op Paleis Noordeinde yn De Haach. Sy hie trije âldere bruorren út it houlik fan har heit mei Sophie van Württemberg: Willem (1840-1879), Maurits (1843-1850) en Aleksander (1851-1884), fan wa by't har berte allinnich de jongste noch yn libben wie.

Har heit wie al 63 jier âld doe't sy berne waard. Doe't Willem III op 23 novimber 1890 ferstoar, waard Wilhelmina Keninginne. Oan't sy 18 jier âld waard, regearde har mem Emma as regentesse yn harren namme. Yn it Gruthartochdom Lúksemboarch waard fantwege de Salyske wet in oare opfolger keazen út it Hús fan Nassau, en koe Wilhelmina har heit net opfolchje.

Op 31 augustus 1898 waard Wilhelmina yn de Nije Tsjerke yn Amsterdam ynhuldige. Yn 1901 troude sy mei Prins Hendrik fan Mecklenburg-Schwerin, harren houlik wie net lokkich en it duorre in skoft foardat sy in bern krigen. De berte fan harren ienichste bern Juliana waard ek eins net mear ferwachte.

Hja die har wurk mei tawijing en toant har yn de Earste Wrâldoarloch in striidbere 'soldatekeninginne', dy't geregeld by de troepen yn it fjild komt te sjen. Troch har gedrach sjocht se yn novimber 1918 kâns in troch sosjalistenlieder Pieter Jelles Troelstra ferwachte revolúsje te foarkommen. Yn de Twadde Wrâldoarloch fêstigt se har yn Londen en besiket fan dêrút troch útstjoerings fan Radio Oranje betrouwen yn de befrijing oer te bringen. Se hat ek komntakten mei fersetsstriders en Ingelânfarders (ferzetsminsken dy't nei Ingelân oerstekke.).

Wilhelmina die yn 1948 nei fiiftich jier ôfstân fan de troan, en luts har wêrom op it Paleis it Loo. Op 28 novimber 1962 ferstoar Wilhelmina en waard bysetten yn it famyljegrêf yn de Nije Tsjerke yn Delft.

Keppeling om utens