Frysk Museum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw der fan makke dat Grytsje Zelle sels fan Ljouwerter komôf wie, net allinnich har namme.
LNo edit summary
Rigel 16: Rigel 16:
== Keppeling om utens ==
== Keppeling om utens ==
* [http://www.friesmuseum.nl/ Webstee Frysk Museum].
* [http://www.friesmuseum.nl/ Webstee Frysk Museum].

[[de:Fries Museum]]
[[nl:Fries Museum]]


[[Kategory:Ljouwert]]
[[Kategory:Ljouwert]]
[[Kategory:Museum yn Fryslân]]
[[Kategory:Museum yn Fryslân]]

[[de:Fries Museum]]
[[nl:Fries Museum]]

De ferzje fan 3 okt 2010 om 18.07

Frysk Museum
Frysk Museum, stylkeamer

It Frysk Museum is in museum foar keunst en skiednis, fêstige yn Ljouwert.

It Frysk Museum is ûntstien út de tentoanstelling by it fyftich-jierrich bestean fan it Frysk Genoatskip yn 1877. Dy tentoanstelling wie sa'n súkses dat fan it jild dat oerbleau it Eysingahûs koft wurde koe om de tentoanstelde kolleksjes fan de provinsje en fan it Genoatskip fan 1881 ôf in permanint plak te jaan.

It museum is yn de rin fan de tiid ferskate kearen útwreide mar rjochtet him noch hieltiten op sawol keunst as skiednis. Dizze kombinaasje wurket bytiden hiel goed, mar der hawwe ek útstellen west foar in apart op skiednis rjochte museum. Teffens jout it museum ek ûnderdak oan it fersetsmuseum Fryslân.

Ta de topstikken fan it museum hearre ûnder oaren de Grutte fibula fan Winaam út de 7e ieu en de sulveren Poptaskat út de 17e ieu. Ek it ûnderstelde swurd fan Grutte Pier is yn besit fan it museum. De Mata-Hari-seal jout spesjaal omtinken oan it libben fan de eksoatyske dûnseresse en ûnderstelde spionne Mata Hari, waans namme yn werklikheid Margaretha Zelle wie en dy't fan Ljouwerter komôf wie.

Op 14 maaie 2002 die bliken dat it Frysk Museum in legaat krigen hie fan de arsjitekt Abe Bonnema, foar nijbou fan it museum op it Saailân. Dat hat laat ta in protte diskusje oer de foardielen en neidielen fan it ferfarren fan it museum nei dat plak.

Sjoch ek

Keppeling om utens