Keninkryk Wesseks: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Koninkrijk Wessex
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
{{wurk}}
{{wurk}}
[[File:British kingdoms c 800.svg|thumb|Keninkriken yn Brittanje ±800]]
[[File:British kingdoms c 800.svg|thumb|Keninkriken yn Brittanje ±800]]
'''Wesseks''' wie ien fan de sân Angelsaksyske keninkriken (ek bekend as de [[heptargy]]) dy't foarôf gienen oan it feriene keninkryk [[Ingelân]] ([[6e ieu]] - [[10e ieu]]). It lei yn it suden en súdwesten fan it lân. De namme is ûntliend oan de ynwenners, de [[West-Saksen]].
'''Wesseks''' wie ien fan de sân Angelsaksyske keninkriken (ek bekend as de [[heptargy]]) dy't foarôf gienen oan it feriene keninkryk [[Ingelân]]. It lei yn it suden en súdwesten fan it lân. De namme is ûntliend oan de ynwenners, de West-Saksen.

Wesseks bestie fanôf de [[6e ieu]] oant it ûntean fan de Ingelske steat yn de [[9e ieu]]. Neffens it histoaryske wurk fan namme, de [[Angel-Saksyske Kronyk]] (ASK), waard Wesseks stichte troch de keningen [[Cerdic]] en syn soan [[Cynric]], hoewol't it bewiis hjirfoar ûnbrekt.

It histoaryske Wesseks begjint mei [[Ceawlin]] (560-591?), neffens de tradysje de soan fan Cynric. Syn machtsbasis lei yn de westlike Teemsdelling, mei [[Dorchester-on-Thames|Dorchester]] yn [[Oxfordshire]] as haadplak. Hy wreide it ryk nei alle kanten út, benammen nei it westen ta. Hy jildt as de twadde [[Bretwalda]] (opperkening).

Letter waard it ryk ek nei it suden ([[Hampshire]] en [[Wight]]) en súddwesten ([[Dorset]] en [[Somerset]], letter [[Devon]]) útwreide. Tagelyk waard it noardlik part fan it gebiet lykwols ynnaam troch it keninkryk [[Mercia]]. Dêrom waard [[Winchester]] yn it suden in nij bestjoerssintrum.

De namme Wesseks waard doe trouwens noch net brûkt. Earst nei it regear fan [[Ine]] (± 700) waard sprutsen oer de 'West Saksen', en noch wer letter waard it gebiet as Wesseks oantsjut. Earder hjitte it ''[[Gewisse]]'' of ''[[Gewissae]]''. Dizze benamming waard wol ferbûn mei de mytologyske 'Gewis', de pake fan Cerdic, mar it is nei alle gedachten earder in âld Saksysk wurd dat 'bûnsgenoaten' betsjut.


== Keningen fan Wesseks ==
== Keningen fan Wesseks ==

De ferzje fan 2 okt 2010 om 10.42

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Keninkriken yn Brittanje ±800

Wesseks wie ien fan de sân Angelsaksyske keninkriken (ek bekend as de heptargy) dy't foarôf gienen oan it feriene keninkryk Ingelân. It lei yn it suden en súdwesten fan it lân. De namme is ûntliend oan de ynwenners, de West-Saksen.

Wesseks bestie fanôf de 6e ieu oant it ûntean fan de Ingelske steat yn de 9e ieu. Neffens it histoaryske wurk fan namme, de Angel-Saksyske Kronyk (ASK), waard Wesseks stichte troch de keningen Cerdic en syn soan Cynric, hoewol't it bewiis hjirfoar ûnbrekt.

It histoaryske Wesseks begjint mei Ceawlin (560-591?), neffens de tradysje de soan fan Cynric. Syn machtsbasis lei yn de westlike Teemsdelling, mei Dorchester yn Oxfordshire as haadplak. Hy wreide it ryk nei alle kanten út, benammen nei it westen ta. Hy jildt as de twadde Bretwalda (opperkening).

Letter waard it ryk ek nei it suden (Hampshire en Wight) en súddwesten (Dorset en Somerset, letter Devon) útwreide. Tagelyk waard it noardlik part fan it gebiet lykwols ynnaam troch it keninkryk Mercia. Dêrom waard Winchester yn it suden in nij bestjoerssintrum.

De namme Wesseks waard doe trouwens noch net brûkt. Earst nei it regear fan Ine (± 700) waard sprutsen oer de 'West Saksen', en noch wer letter waard it gebiet as Wesseks oantsjut. Earder hjitte it Gewisse of Gewissae. Dizze benamming waard wol ferbûn mei de mytologyske 'Gewis', de pake fan Cerdic, mar it is nei alle gedachten earder in âld Saksysk wurd dat 'bûnsgenoaten' betsjut.

Keningen fan Wesseks

De list is de tradisjonele list fan keningen fan Wesseks, mei feiten sa't de keningslisten fan Wesseks dy jouwe. De Angel-Saksyske Kronyk jout oare feiten: (Cerdic 519-534, Cynric 534-560, Ceawlin 560-591). Dizze datums binne faaks mei opset sin betider mei as doel:

  • Om it feit dat Ceawlin foar Ethelbert fan Kent bretwalda wie oerienstimme te litten mei, sa't men tocht, mar wierskynlik net klopjende, datearring fan it begjin fan Ethelreds regear op ± 560.
  • Om it keningshûs fan Wesseks in gruttere âldens en sa mear status te jaan.
Alfred de Grutte
# NAMME PERIOADE Opmerkingen:
1 Cerdic 538 - 554
2 Cynric 554 - 581
3 Ceawlin 581 - 588
4 Ceol 588 - 594
5 Ceolwulf 594 - 611
6 Cynegils 611 - 643
7 Cenwalh 643 - 674
8 Seaxburh 674 keninginne
9 Æscwine 674 - 676
10 Centwine 676 - 685
11 Cædwalla 685 - 688
12 Ine 688 - 726
13 Æthelheard 726 - 740
14 Cuthred 740 - 756
15 Sigebert 756 - 757
16 Cynewulf 757 - 786
17 Beorthric 786 - 802
18 Egbert 802 - 839
19 Æthelwulf 839 - 855
20 Æthelbald 855 - 860
21 Æthelbert 860 - 866
22 Æthelred 866 - 871
23 Alfred 871 - 899