Tambora: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L plaatsje
KamikazeBot (oerlis | bydragen)
Rigel 15: Rigel 15:


[[ar:جبل تامبورا]]
[[ar:جبل تامبورا]]
[[be:Вулкан Тамбара]]
[[bg:Тамбора]]
[[bg:Тамбора]]
[[ca:Mont Tambora]]
[[ca:Mont Tambora]]

De ferzje fan 15 sep 2010 om 04.05

Tambora
Satellytfoto fan de Tamboara

De Tambora is in fulkaan op it Yndonesyske eilân Soembawa.

De útbarsting fan de fulkaan yn april 1815 wie ien fan de grutste útbarstingen sûnt minskeheugenis. By dizze útbarsting ferlear de fulkaan likernôch in tredde fan syn eardere hichte: fan sa'n 4.200 meter nei in 2.800 meter. Hjirby untstie in krater fan seis kilometer in trochsnee. De gefolgen fan de erupsje wiene desastreus. It direkte oantal deaden troch de útbarsting wurdt rûsd op 10.000 minsken.

Om't de útbarsting de rispinge ferneatige, ûntstie op Soembawa in grutte hongersneed mei derby sykten. Hjirtroch rekken nochris sa'n 37.000 minsken om hals. Ek de flora en fauna op it eilân hiene bot te leien fan de útbarsting.

Fierders bleaune de gefolgen fan de útbarsting net beheind ta Soembawa; ek de omlizzende eilânnen underfûnen de gefolgen. Foaral Bali en Lombok waarden troffen troch in fûle jiskerein, wertroch ek op dizze eilânnen de rispinge foar in grut part ferlern gie, mei hongersneed as gefolch.

Resinte studzjes hawwe oantoand dat de gefolgen noch folle grutter west hawwe. De fulkaanútbarsting beynfloede it waar oer de hiele wrâld, wertroch de rispinge sels op plakken yn Jeropa en Kanada mislearre. De wrâldwiide gefolgen fan dizze fulkaanútbarsting mei in grut tal indirekte deaden, lykas nei skatting yn Jeropa mear as 100.000, binne hast net te befetsjen.