Peter de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Theun (oerlis | bydragen)
L Tebek set ta de ferzje fan "RobotQuistnix"
Rigel 1: Rigel 1:
'''Peter de Grutte''', Tsaar ''Peter I Aleksejevitsj Romanov fan Ruslân''; berne [[Moskou]], [[9 juny]] [[1672]] - ferstoarn [[Sint Petersbuorg]], [[8 febrewaris]] [[1725]] (yn de [[Juliaanske kalinder]] [[30 maaie]] [[1672]] - [[28 jannewaris]] [[1725]]). Peter wie letterlik "grut", hy wie likernôch twa meter, mar hy wie ek in grut steatsman dy't [[Ruslân]] modernisearre hat.

== Komôf ==
Peter de Grutte wie de soan fan Tsaar [[Aleksei I fan Ruslân|Aleksej I Michajlovitsj Romanov fan Ruslân]] en syn twadde frou Natalya Kyrillovna Naryshkina. Nei de dea fan Peter syn healbroer, Tsaar [[Feodor III fan Ruslân|Feodor III]], yn [[1682]] waard de tsienjierrige Peter tsaar, mei syn mem Natalya as regintesse. Mar nei in bloedich konflikt tusken de famyljes fan de twa froulju fan Aleksei I, waarden, as in kompromis, Peter en syn âldere, swaksinnige healbroer [[Iwan V fan Ruslân|Iwan]] tegearre tsaar, mei Peter's healsuster [[Sophia Aleksejevna|Sophia]] as regintessse. Dat duorre oant Peter har yn [[1689]] ôfsette, wêrnei de healbruorren tegearre de titel fan Tsaar hâlden. Nei't [[Iwan V van Rusland|Iwan]] stoar yn [[1696]] wie Peter allinnich tsaar fan [[Ruslân]].

== Polityk ==
Dêr't syn heit hoeden op in mear westersk Ruslân oanstjoerd hie, dêr foarme Peter Ruslân, of it dat woe of net, om nei in naasje bouwd nei westersk foarbyld, en dermei nei in Jeropeeske grutmacht. Dat betsjutte herfoarming fan it leger en fan it regear, oanpassing fan it muntstelsel, de oersetting fan westerske boeken en ynfiering fan westerske klean, it stiftsjen fan in nije haadstêd, [[Sint Petersbuorch]], nei westersk model, it oanlûken fan westerske yngenieurs en de stúdzje fan ferskate Westerske techniken. Foar dit lêste doel gong Peter, wylst er op in diplomatyske reis wie troch [[Jeropa]], as learling oan it wurk, ûnder oaren yn [[1797]] yn Nederlân dêr't er yn [[Saandam]] en [[Amsterdam]] troch it wurkjen op de werften [[Skipsboutechnyk]] learde, en yn [[Deptford]] yn [[Ingelân]] dêr't er de teory fan skipsûntwerp fierder bestudearre.

Yn eigen lân brochten de feroarings in soad protesten mar tsjinstân waard mei hurde hân delslein. Yn [[1721]] waard Peter útroppen ta earste keizer fan it [[Russyske keizerryk]], wat er oan syn dea yn [[1725]] bliuwe soe. Nei syn dea soe it duorje oant [[Katarina de Grutte]] eart in monarch Peters polityk fierderfiere soe, mar troch syn ynfloed wie Ruslân definityf modernisearre.
== Gesin ==
Yn [[1689]] troude Peter mei [[Eudoxia Lopoechina]]. Se krigen trije bern, werûnder [[Aleksej Petrovitsj Romanov]]. Doe't Peter fan har ferfrjemde rekke stjoerde er har nei it kleaster. Doe't Aleksej yn [[1718]] nei it bûtenlân flechte liet Peter him foar heechferrie deadwaan. Earst Aleksejs soan [[Peter II fan Ruslân|Peter II]] soe keizer fan Ruslân wurde.

Yn [[1703]] moete Peter mei Martha Skavronskaya, de lettere Katarina, dêr't er syn fierdere libben mei trochbringe soe.
Yn [[1707]] troude it pearke, mar dat waard earst públyk makke yn [[1712]]. Se krigen alve bern, wêrfan allinnich [[Anna Petrovna Romanowa|Anna]] en [[Elisabet I fan Ruslân|Elisabet]] folwûksen waarden. Yn [[1724]] waard [[Katarina I fan Ruslân|Katarina I]] kroant ta keizerinne fan Ruslân. Sy regearre tegearre mei Peter oant syn dea, en alinnich oant sy stoar yn [[1727]].

== Betsjutting ==
Peter de Grutte had faaks foar de gewoane buorger yn Ruslân net sa folle ynfloed hân. Hy hat al de macht fan de tsjerke en de adel beheind, mar der wienen hieltiid noch grutte ferskillen yn Ruslân, dy't pas yn de [[Russyske Revolúsje]] ferneatige wurde soenen. Oan de oare kant had hy dúdlik ynfloed hân op Ruslân as gehiel. Troch him waard Ruslân in grutmacht, dêr't op it Jeropeeske polityke toaniel rekken mei hâlden wurde moast.

[[bg:Петър I (Русия)]]
[[cs:Petr Veliký]]
[[cy:Pedr I o Rwsia]]
[[da:Peter den Store]]
[[de:Peter der Große]]
[[en:Peter I of Russia]]
[[eo:Petro la Unua]]
[[es:Pedro I de Rusia]]
[[et:Peeter I]]
[[fi:Pietari Suuri]]
[[fr:Pierre Ier de Russie]]
[[he:פיוטר הגדול]]
[[io:Peter 1ma]]
[[it:Pietro I di Russia]]
[[ja:ピョートル1世]]
[[ko:러시아의 표트르 1세]]
[[la:Petrus I (imperator Russiae)]]
[[lt:Petras I]]
[[nl:Peter de Grote]]
[[nn:Peter I av Russland]]
[[no:Peter I av Russland]]
[[pl:Piotr I Wielki]]
[[pt:Pedro I da Rússia]]
[[ro:Petru I al Rusiei]]
[[ru:Пётр I Великий]]
[[sl:Peter Veliki]]
[[sr:Петар Велики]]
[[sv:Peter I av Ryssland]]
[[tt:Piter I]]
[[uk:Петро I Романов]]
[[zh:彼得大帝]]

De ferzje fan 7 feb 2006 om 16.02

Peter de Grutte, Tsaar Peter I Aleksejevitsj Romanov fan Ruslân; berne Moskou, 9 juny 1672 - ferstoarn Sint Petersbuorg, 8 febrewaris 1725 (yn de Juliaanske kalinder 30 maaie 1672 - 28 jannewaris 1725). Peter wie letterlik "grut", hy wie likernôch twa meter, mar hy wie ek in grut steatsman dy't Ruslân modernisearre hat.

Komôf

Peter de Grutte wie de soan fan Tsaar Aleksej I Michajlovitsj Romanov fan Ruslân en syn twadde frou Natalya Kyrillovna Naryshkina. Nei de dea fan Peter syn healbroer, Tsaar Feodor III, yn 1682 waard de tsienjierrige Peter tsaar, mei syn mem Natalya as regintesse. Mar nei in bloedich konflikt tusken de famyljes fan de twa froulju fan Aleksei I, waarden, as in kompromis, Peter en syn âldere, swaksinnige healbroer Iwan tegearre tsaar, mei Peter's healsuster Sophia as regintessse. Dat duorre oant Peter har yn 1689 ôfsette, wêrnei de healbruorren tegearre de titel fan Tsaar hâlden. Nei't Iwan stoar yn 1696 wie Peter allinnich tsaar fan Ruslân.

Polityk

Dêr't syn heit hoeden op in mear westersk Ruslân oanstjoerd hie, dêr foarme Peter Ruslân, of it dat woe of net, om nei in naasje bouwd nei westersk foarbyld, en dermei nei in Jeropeeske grutmacht. Dat betsjutte herfoarming fan it leger en fan it regear, oanpassing fan it muntstelsel, de oersetting fan westerske boeken en ynfiering fan westerske klean, it stiftsjen fan in nije haadstêd, Sint Petersbuorch, nei westersk model, it oanlûken fan westerske yngenieurs en de stúdzje fan ferskate Westerske techniken. Foar dit lêste doel gong Peter, wylst er op in diplomatyske reis wie troch Jeropa, as learling oan it wurk, ûnder oaren yn 1797 yn Nederlân dêr't er yn Saandam en Amsterdam troch it wurkjen op de werften Skipsboutechnyk learde, en yn Deptford yn Ingelân dêr't er de teory fan skipsûntwerp fierder bestudearre.

Yn eigen lân brochten de feroarings in soad protesten mar tsjinstân waard mei hurde hân delslein. Yn 1721 waard Peter útroppen ta earste keizer fan it Russyske keizerryk, wat er oan syn dea yn 1725 bliuwe soe. Nei syn dea soe it duorje oant Katarina de Grutte eart in monarch Peters polityk fierderfiere soe, mar troch syn ynfloed wie Ruslân definityf modernisearre.

Gesin

Yn 1689 troude Peter mei Eudoxia Lopoechina. Se krigen trije bern, werûnder Aleksej Petrovitsj Romanov. Doe't Peter fan har ferfrjemde rekke stjoerde er har nei it kleaster. Doe't Aleksej yn 1718 nei it bûtenlân flechte liet Peter him foar heechferrie deadwaan. Earst Aleksejs soan Peter II soe keizer fan Ruslân wurde.

Yn 1703 moete Peter mei Martha Skavronskaya, de lettere Katarina, dêr't er syn fierdere libben mei trochbringe soe. Yn 1707 troude it pearke, mar dat waard earst públyk makke yn 1712. Se krigen alve bern, wêrfan allinnich Anna en Elisabet folwûksen waarden. Yn 1724 waard Katarina I kroant ta keizerinne fan Ruslân. Sy regearre tegearre mei Peter oant syn dea, en alinnich oant sy stoar yn 1727.

Betsjutting

Peter de Grutte had faaks foar de gewoane buorger yn Ruslân net sa folle ynfloed hân. Hy hat al de macht fan de tsjerke en de adel beheind, mar der wienen hieltiid noch grutte ferskillen yn Ruslân, dy't pas yn de Russyske Revolúsje ferneatige wurde soenen. Oan de oare kant had hy dúdlik ynfloed hân op Ruslân as gehiel. Troch him waard Ruslân in grutmacht, dêr't op it Jeropeeske polityke toaniel rekken mei hâlden wurde moast.