Romtefeart: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
VolkovBot (oerlis | bydragen)
Rigel 36: Rigel 36:
[[fr:Exploration de l'espace]]
[[fr:Exploration de l'espace]]
[[gu:અવકાશ સંશોધન]]
[[gu:અવકાશ સંશોધન]]
[[hi:अंतरिक्ष यात्रा]]
[[hu:Űrkutatás]]
[[hu:Űrkutatás]]
[[id:Penjelajahan angkasa]]
[[id:Penjelajahan angkasa]]

De ferzje fan 5 sep 2010 om 11.15

In fuotprint op de moanne
Spoetnik 1

Romtefeart is it totaal fan alle minsklike aktiviteit bûten de dampkring.

Ferhalen oer minsken dy't de ierde ferlitte, en mei namme nei de Moanne reizgje, binne al hiel âld. Net it âldste, mar faaks it ferneamdste ferhaal is Reis nei de Moanne fan Jules Verne, dêr't er presys oanjout hokfoar technyk brûkt wurde kin foar in tocht nei de moanne.

Op 3 oktober 1942 waard in A4-raket as earste ding makke troch de minkse de romte yn sketten, wylst as earste skepsels op 9 july 1946 fruitmiggen en maissied yn Amearika yn in V-2 de romte yn sketten waarden.

De keunstmoanne Spoetnik 1 út de Sowjetuny wie op 4 oktober 1957 it earste ding dat troch de minsk yn in baan om de ierde brocht waard. Yn Spoetnik 2 kaam it hûntsje Laika 3 novimber 1957 as earste skepsel yn in baan om de ierde. Op 12 april 1961 wie Joeri Gagarin de earste minske yn de romte.

Nei dy flechten om de ierde kamen de tochten nei de Moanne. Op 14 septimber 1959 berikke de Luna 2 út de Sovjetuny as earste de Moanne. Mar earst op 21 july 1969 sette de Amearikaan Neil Armstrong as earste minske foet op de Moanne.

Nei dizze ûntwikkelings kaam it aksint mear te lizzen op oan de iene kant romteferkenners, ûnbemanne raketten dy't nei oare planeten stjoerd wurde en foto's en oare ynformaasje weromstjoere nei de Ierde, en oan de oare kant romtepindels, werbrûkbere romteskippen dy't brûkt wurde foar eksperiminten bûten de dampkring en foar ûnderhâld oan keunstmoannen.

Sjoch ek