Roel Bergsma: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
L Roelof Bergsma werneamd ta Roel Bergsma, wat in synonym wie
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Rigel 1: Rigel 1:
'''Roel Bergsma''' ([[Warten]], [[23 novimber]] [[1917]] - [[Terherne]], [[31 maart]] [[1988]]) wie in Terhernster ûnderwizer, dammer en revuskriuwer.
'''Roelof (Roel) Bergsma''' ([[Warten]], [[23 novimber]] [[1917]] - [[Terherne]], [[31 maart]] [[1988]]) wie in Terhernster ûnderwizer, dammer en revuskriuwer.

Roel Bergsma waard ûnderwizer oan de iepenbiere skoalle fan Terherne. Yn it doarpslibben hat er in ûnbidigen wurk fersetten. Sa boude hy as foarsitter de Terhernster VVV op. Yn it doarpsblêd [[Brio (doarpsblêd)|Brio]] hat er ûnder de namme ''Stikelstekker'' in soad kommentaar jûn. Ek de skûtsjesyljûnen yn [[De Buorkerij (doarpshûs Terherne)|De Buorkerij]] fan Terherne makke hy as in soarte fan seremoanjemaster suver ta in kabaretjûn.

Rigel 11: Rigel 11:
{{DEFAULTSORT:Bergsma, Roelof}}
{{DEFAULTSORT:Bergsma, Roelof}}
[[Kategory:Terherne]]
[[Kategory:Terherne]]
[[Kategory:Warten]]
[[Kategory:Frysk dammer]]
[[Kategory:Frysk dammer]]
[[Kategory:Frysk toanielskriuwer]]
[[Kategory:Frysk toanielskriuwer]]

De ferzje fan 3 sep 2010 om 14.47

Roelof (Roel) Bergsma (Warten, 23 novimber 1917 - Terherne, 31 maart 1988) wie in Terhernster ûnderwizer, dammer en revuskriuwer.

Roel Bergsma waard ûnderwizer oan de iepenbiere skoalle fan Terherne. Yn it doarpslibben hat er in ûnbidigen wurk fersetten. Sa boude hy as foarsitter de Terhernster VVV op. Yn it doarpsblêd Brio hat er ûnder de namme Stikelstekker in soad kommentaar jûn. Ek de skûtsjesyljûnen yn De Buorkerij fan Terherne makke hy as in soarte fan seremoanjemaster suver ta in kabaretjûn.

Foar de skoalle begûn er mei it skriuwen fan Fryske revustikken. Namme makke er ek as skriuwer foar it Underwizerskabaret Mid-Fryslân, in ploech ûnderwizers dy't sûnt 1964 de planken opgyng mei revustikken en sjongspullen. Foar in soad sport- en doarpsferienings skreau master Bergsma revu- en kabaretteksten. Sa brûkte kabaretselskip It Wâld teksten fan him.

Tritich jier wie Roel Bergsma foarsitter fan it Frysk Dambûn. Yn de Ljouwerter Krante hie er 25 jier in damrubryk. Hy wie de broer fan dammer Piter Bergsma. Hy publisearre ek faak oer it Frysk damjen.

As redenrike amtner fan de boargerlike stân wie hy altyd aktyf op de Boerebrulloft op De Jouwer.