Nikaragûa: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: yo:Nikarágúà
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ay:Nikarwa
Rigel 42: Rigel 42:
[[ace:Nikaragua]]
[[ace:Nikaragua]]
[[af:Nicaragua]]
[[af:Nicaragua]]
[[ay:Nikarwa]]
[[am:ኒካራጓ]]
[[am:ኒካራጓ]]
[[an:Nicaragua]]
[[an:Nicaragua]]

De ferzje fan 2 sep 2010 om 12.17

Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
República de Nicaragua
Flagge fan Nikaragûa Wapen fan Nikaragûa
Flagge Wapen
Lokaasje fan Nikaragûa
Offisjele taal Spaansk
Haadstêd Managua
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
129.494 km²
2,9­%
Ynwenners (2004) 5.100.000
Munt Córdoba (NIC)
Tiidsône UTC -5
Nasjonale feestdei 15 septimber
Lânkoade NIC
Ynternet .ni
Tillefoan 505

Nikaragûa is in lân yn Midden-Amearika. De haadstêd is Managua.

Geografy

Lizzing

Nikaragûa wurdt begrinzge troch:

Skiednis

It gebiet fan it tsjintwurdige Nikaragûa waard troch Kolumbus ûntdutsen op syn fjirde tocht nei Amearika en letter fierder ferkent troch Gil Gonzales de Avila yn 1522. Yn de 17e ieu festigen har Hollânske, Ingelske en Frânske frijbûters oan de kust, folge troch Spaanske ymigranten yn de 18e ieu en makke ûnderdiel út fan de Spaanske koloanje yn Amearika.

Yn 1823 skiede Nikaragûa har ôf en makke it oant 1838 diel út fan it Sintraal Amerikaanske steatebûn. De 19e ieu waard karakterisearre troch in fûle striid tusken Liberalen en konservativen. Tsjin it bewâld fan de diktator José Santos Zelaya (1893-1909) rjochten him hieltyd gearspannings en opstannen. In ynterfinsje troch de Feriene Steaten makke in ein oan dizze tastân. Zelaya waard ferdreaun en Nikaragûa waard in soarte protektoraat fan de Feriene Steaten. It Bryan-Chamorro-Ferdrach út 1916 joech de Feriene Steaten it rjocht om in kanaal troch Nikaragûa te graven en in fleatbasis oan te lizzen yn de Golf fan Fonseka. It Amerikaanske leger gong pas út Nikaragûa wei yn 1937.

Nei it fertrek fan de Amearikanen krijt de family Somoza it yn Nikaragûa foar it sizzen dy't it lân desennia lang regeard hat. Sy wienen korrupt en diktatoriaal. Yn 1979 waard har rezjym omfier smiten troch de Sandinisten, in sosjalistyske gueriljabeweging.