Anargisme: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ta:அரசின்மை; tekstwiziging
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ga:Ainrialachas
Rigel 43: Rigel 43:
[[fo:Anarkisma]]
[[fo:Anarkisma]]
[[fr:Anarchisme]]
[[fr:Anarchisme]]
[[ga:Ainrialachas]]
[[gd:Ain-Riaghailteachd]]
[[gd:Ain-Riaghailteachd]]
[[gl:Anarquismo]]
[[gl:Anarquismo]]

De ferzje fan 1 sep 2010 om 12.58

Politike ideology
Side út de rige polityk
Ideology
Anargisme
Ekologisme
Faksisme
Feminisme
Islamisme
Kommunisme
Kommunitarisme
Konservatisme
Kristendemokrasy
Liberalisme
Libertarisme
Marksisme
Nasjonalisme
Nasjonaalsosjalisme
Sosjaaldemokrasy
Sosjaalliberalisme
Sosjalisme

It Anargisme is in politike streaming dy't as radikaal bekôge wurdt en ûntstien is út it sosjalisme. Karakteristyk foar it anargisme is wol dat it gjin inkele foarm fan gesach of macht erkend. It tinken dat hjir efter leit is dat eltse foarm fan gesach úteinlik ta machtsmisbrûk liede sil. Neffens dizze ideology soenen minsken harsels bestjoere moatte troch middel fan lytse selsbestjoerende mienskippen dêr't elkenien gelyk is oan inoar. Yn Ruslân dêr't dizze wize foar it earst yn de 20e ieu foarm krige, waard soks sowjets neamd. Der wurde twa foarmen fan anargisme ûnderskieden, te witten in gewelddiedige en in net gewelddiedige foarm, wêrfan de gewelddiedige foarm wol it meast bekend wurden is. De net-gewelddiedige rjochting lei de klam op tsjinstwegering.

By de opkomst fan it sosjalisme wie it anargisme in frij sterke sydstreaming. Spoaren fynt men yn De Klok en Morgenrood. Yn dizze tiid krijt ek Lev Tolstoj in soad omtinken.

Fryske anargisten

Anargisme krige yn Fryslân in soad oanhing troch Ferdinand Domela Nieuwenhuis, dy't troch de arbeiders 'Us Ferlosser 'neamd waard. Benammen yn de jierren foar de oarloch krige it anargisme oanhing yn de súdeasthoeke fan Fryslân. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard de oanhing folle lytser. De Feraasje fan frije sosjalisten, wêryn de anargisten yn it Noarden har feriene hiene, besit yn 1918 in terrein yn de bosken by Appelskea, dêr't jierliks mei de pinksterdagen en lândei hâlden wurdt. Hjir wie op 16 en 17 maaie 1970 it lanlike kongres "Anti-autoritaire opposistie nu". Hjir sprutsen ûnder oare Roel van Duyn en Otto Boetes. Predikanten as Louis Adrian Bähler fan Skiermuontseach, Sibillus Catharinus Kylstra fan De Rottefalle neame har kristen-anargist. Se steune ek de koloanje yn Blaricum (Ynternasjonale Bruorskip). Ek de Bruorren Hogerhuis binne anargisten. Der wenje in soad yn It Bilt en de Feanstreken. Yn de Earste Wrâldoarloch docht Giesen yn Ljouwert fan him sprekken. Letter wurdt harren ynfloed minder.

Literatuer

  • Imke Klaver - Herinneringen van een Friese landarbeider (1974)
  • Douwe de Wit - Overdenkingen van een arbeidersjongen (1974)