Peter Petersen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Rigel 5: Rigel 5:


{{DEFAULTSORT:Petersen, Peter}}
{{DEFAULTSORT:Petersen, Peter}}
[[Kategory:Dútsk wittenskipper]]
[[Kategory:Dútsk heechlearaar]]
[[Kategory:Heechlearaar]]
[[Kategory:Dútsk pedagooch]]
[[Kategory:Pedagooch]]


[[ca:Peter Petersen]]
[[ca:Peter Petersen]]

De ferzje fan 31 aug 2010 om 17.22

Peter Petersen (26 juny 1884) – (21 maart 1952), is de betinker fan it Jenaplan ûnderwiis.

Syn libben

Yn 1923 waard Petersen heechlearaar Erziehungwissenschaft yn Jena yn Dútslân. Yn 1924 starte hy in beskieden eksperimint mei in oare opset fan it ûnderwiis, wêrby't bern yn in neffens leeftyd mingde groepen ûnderwiis krigen. Sa'n mingde groep neamde hy in stamgroep. Dit waakste stadichoan út ta in skoalle foar 6- oant 15-jierrige bern. Letter wreide hy dit ek út mei in beukerskoalle en groepen foar spesjaal ûnderwiis. Wichtich wie ek it ûndersyk yn de praktyk dat yn dizze skoalle ferrjochte waard, benammen troch Petersen syn frou, Elze. Nei de Twadde Wrâldkriich betocht Petersen op grûn fan syn ûnderfinings en ynsichten in totaalopset foar it ûnderwiis oan bern fan 4 oant 18 jier. Syn ûnderwiiskundige haadwurk is de "Führungslehre des Unterrichts" oersetten as "Fan didaktyk nei ûnderwiispedagogyk". Yn de Nazitiid stie de skoalle fan Petersen ûnder in grutte druk, mar de skoalle mocht iepen bliuwe. Dit hat laat ta krityske beskôgingen oer de persoan en tinkbylden fan Petersen. Dôchs hawwe se him net op Nazitinkbylden betraapje kind. Nei de kriich lei Jena yn de Russyske besettingssône. Dêr krige Petersen problemen mei de kommunistyske autoriteiten en yn 1949 waard syn skoalle sluten. Hy emigrearre nei West-Dútslân. Dêr ferstoar hy yn 1952.