Vickers Wellington: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
→‎Keppeling om utens: kepp. docht it net
L Bot - derby: no:Vickers Wellington
Rigel 54: Rigel 54:
[[ja:ビッカース ウェリントン]]
[[ja:ビッカース ウェリントン]]
[[lb:Vickers Wellington]]
[[lb:Vickers Wellington]]
[[no:Vickers Wellington]]
[[pl:Vickers Wellington]]
[[pl:Vickers Wellington]]
[[ru:Vickers Wellington]]
[[ru:Vickers Wellington]]

De ferzje fan 31 aug 2010 om 08.02

De Wellington Mark II mei Merlin-motoren. Tink om de kris-kras geodesyske konstruksje'
Wellington Mark Ia, mei en profile Mark I (Vickers turrets), Mark II (Merlin motoren), Mark III (Hercules motoren, 4-gun sturt turret), GR Mark VIII (maritime ferzje Mark Ic, metric radar) en GR Mark XIV (maritime ferzje Mark X, centimetric radar). De geodesyske konstruksje fan de fleugels is goed te sjen.

De Vickers Wellington wie in Britske twa-motorige, middelgrutte, lange-ôfstân bommewerper dy't, mids jierren 30, ûntwurpen is by Brooklands yn Weybridge, Surrey, troch Vickers-Armstrongs haadûntwerper, R. K. Pierson. It tastel waard yn de earste jierren fan de Twaade Wrâldoarloch in soad brûkt as nachtbommewerper. Hy waard letter ferfongen troch swiere fjouwer-motorige bommewerpers sa as de Avro Lancaster en de Handley Page Halifax. De Wellington is wol de hiele oarloch troch ynset foar oare taken sa as lesfleanmasjine, radarfleanmasjine, mar fral as in anti-dûkboat bommewerper by de Kustwacht (Coastal Command). It wie ek de ienichste bommewerper dy't de hiele oarloch troch makke bleaun is. De Wellington wie bekend ûnder de poppenamme Wimpy, neamd nei J. Wellington Wimpy út de Popeye tekentelsjes. De Wellington wie ien fan de twa bommewerpers dy't neamd is nei Arthur Wellesley, 1e Hartoch fan Wellington de oare is de Vickers Wellesley.

Der binne yn totaal 16 farianten fan de Wellington produsearre.

De Wellington hie in saneamde geodesyske konstruksje fan aluminium spanten dy't him tige sterk makke en in soad skea ferneare koe. Untwerper Barnis Wallis, ynspirearre troch de loftskipbou, paste dizze konstruksje earder ta op de Vickers Wellesley, in lichte bommewerper fan foar de oarloch.

Technyske feiten (B.Mk.III)

  • Motoren: 2 x Bristol Hercules-XI-Stjermotoren fan 1500 HK (1119KW) it stik
  • Spanwiidte: 26,26 m
  • Lingte: 18,54 m
  • Hichte: 5,31 m
  • Leechgewicht: 8.417 kg
  • Fleangewicht: 13.381 kg
  • Bemanning: 6
  • Grutste faasje: 410 km/o op 3.810 m
  • Tsjinstfleanhichte: 5790 m
  • Fleanberik: 2.478 km
  • Bewapening: 2 x Browning M1919 MGn, kaliber .303 (Britsk) (7,7 mm), 4x 7,7-mm-MG yn de sturt, 2x 7,7-mm-MG wjerskanten romp, oant 2.041 kg bommen ynwindich

Technyske feiten (Mk.X)

  • Motoren: 2 x Bristol Hercules VII/XVI 14-silinder-dûbbelstjermotor fan 1585 HK it stik
  • Spanwiidte: 26,30 m
  • Lingte: 19,70 m
  • Heech: 5,35 m
  • Leechgewicht: 11.500 kg
  • Fleangewicht: 14.300 kg
  • Bemanning: 6
  • Grutste faasje: 408 km/o
  • Tsjinstfleanhichte: 7325 m
  • Fleanberik: 2125 km
  • Bewapening: seis x 7,7 mm Browning MGn; Bommelading maks. 2720 kg

Keppeling om utens

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Category:Vickers Wellington