Sikehûs: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: vec:Ospeal; tekstwiziging
Xqbot (oerlis | bydragen)
Rigel 66: Rigel 66:
[[gl:Hospital]]
[[gl:Hospital]]
[[gn:Tasyo]]
[[gn:Tasyo]]
[[gu:હોસ્પિટલ]]
[[he:בית חולים]]
[[he:בית חולים]]
[[hi:चिकित्सालय]]
[[hi:चिकित्सालय]]

De ferzje fan 2 aug 2010 om 19.31

De Tsjongerskâns op It Hearrenfean

In Sikehûs of hospitaal is in sintrum dêr't profesjoniele genêskundige soarch ferliend wurdt troch artsen en ferpleechkundigen oan minsken. Men kin hjir terjochte foar help by ferwûnings ûntstien by ûngelokken; EHBO, ambulânsetsjinst mei in hjirfoar ynrjochte operaasjekeamer en intensive care ôfdieling of foar in spesifike behandeling as de húsdokter trochferwiisd.

Eartiids

De earste sikehuzen ûnstienen yn de midsieuwen as ûnderdiel fan in religieuske mienskip lykas in kleaster. Dat is noch te sjen oan de beneaming fan it ferpleegjend personiel: 'suster' of 'broeder' en yn de namme fan guon sikenhuzen: "Wilhelmina gasthûs" en "St. Jans gasthûs". Letter gongen sikehuzen diel útmeitsjen fan universiteiten dêr't les jûn waard yn genêskunde, de saneamde "Akademyske sikehuzen". Inkele âlde nammen binne bewarre: gasthûs, ho(spitaal) oare nammen binne ferwdûn: leproazehûs, pest- of dolhûs. De lêste trije wienen mear om te isolearjen of te ferplegen, net ynearsten om te genêzen. Spesjalistys- medyske behanneling bestie doe net.

In protte lokale sikehuzen binne yn de 20e ieu ûnstien fanút de needsaak yn in streek om in sikehûs te hawwen. Dat binne faak stiftingen, dy't noch altiten foar in lyts part finansierd wurde út jeften.

Tsjintwurdich

Yn de striid om de kosten fan de sûnenssoarch te behearskjen, wurdt besocht sikehuzen as in bedriuw te runnen, sikehuzen moatte harren besteansrjocht bewize. Tsjinstridich is dat de soarchplicht foar in sikehûs bestean bliuwt, wylst saken as finansiering, fersekeringen, wachtlisten en polityk in wichtige rol spylje. In wichtige stap nei "merkwurking yn de soarch" is de ynfiering fan de DBC-systematyk.

Spesjalisaasje

Guon algemiene sikehuzen binne spesjalisearre yn bepaalde soarch. Dizze spesjalisaasje is nuttich omdat dêrtroch de nedige kennis en ynfesteringen op ien plak bondele binne.

Sikehuzen yn Fryslân

Plak Sikehûs Bysûnderheden
Dokkum De Sionsberg [1]
Drachten Nij Smellinghe [2]
Harns Sikehûs De Batting [3]
It Hearrenfean De Tsjongerskâns [4]
It Hearrenfean Holystaete ( Selsstannich Behandelsintrum Klinyk ) [5]
Ljouwert Medysk Sintrum Ljouwert [6]
Snits Antonius Sikehûs [7]

Keppeling om utens