Iersk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: kw:Wordhonek
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Rigel 25: Rigel 25:


[[Kategory:Taal]]
[[Kategory:Taal]]
[[Kategory:Noard-Ierlân]]


[[af:Iers-Gaelies]]
[[af:Iers-Gaelies]]

De ferzje fan 1 aug 2010 om 21.44

It Iersk of Iersk-Gealik is in Keltyske taal dy't yn Ierlân praat wurdt. Der binne 70.000 minsken dy't it Iersk as memmetaal ha. Likernôch 1,8 miljoen minsken oer de hiele wrâld prate it Iersk as twadde taal.

Status

Hjoeddeiske Gaeltacht

Neffens de grûnwet fan 1937 is Iersk de nasjonale en earste taal fan Ierlân. Sûnt 1 jannewaris 2007 is Iersk ien fan de offisjele talen fan de Europeeske Uny. Yn Noard-Ierlân is it Iersk by ferskillende ferdraggen erkend.

Net lang nei de ûnôfhinklikens fan Ierlân waard de Gaeltacht yn 1926 ynsteld. Yn de Gaeltacht kriten jildt it Iersk as haadtaal. De grinzen fan de Gaeltacht fan 1926 wienen fierstente rom, yn grutte dielen fan it gebiet wenne in Ingelsktalige mearderheid. Dêrom kaam der yn 1956 in nije Gaeltacht.

Skiednis

It earste bewyske Iersk binne wat Ogam skriften út de fjirde ieu. Sûnt de ynfallen fan de Wytsingen yn de achtste ieu wie it Iersk net langer de iennichste taal fan it Ierske eilân. De ynfloed fan de Wytsingen bleau navenant lyts. Hja wennen yn mienskippen tichtby de see. Fan it Ald-Ierske tiidrek (600-900) binne aardich wat skriften oerlevere. It Ald-Iersk is in drege standerttaal. It Mid-Iersk (900-1200) is wat de grammatika betreft in stik ienfâldiger as it Ald-Iersk. Om 1200 hinne kaam der in nije groep Wytsingen op it eilân, mar dy hienen noch net folle ynfloed op it gebrûk fan it Iersk. Yn de 14e ieu waard it Frânsk as bestjoerstaal brûkt, en it Ingelsk koe allinnich yn de kriten fan Dublin (The Pale) brûkt wurde. Yn 1366 waard it Iersk ferbean troch de Ingelsen. Healwei de 16e ieu prate suver elkenien Iersk op it eilân. Nei politike strideraasjes moast de Ierske adel yn 1607 fuort. Dêrnei wurdt de posysje fan it Ingelsk hieltyd wichtiger op it eilân, mar it Iersk bliuwt noch de grutste taal.

De grutste tebekset foar it Iersk wie de grutte hongersneed (1845–49). Yn 1841 wennen der 8,1 miljoen minsken op it eilân, wêrfan de helte Iersk prate koe. Yn 1851 prate noch mar in fearnspart fan de befolking Iersk. Yn 1901 wennen der noch mar 3,5 miljoen minsken op it eilân. De hongersneed sloech it hurdste ta op it lân, dêr't de Ierske taal it machtichst wie. Neffens in folkstelling fan 2006 kinne 1,66 miljoen minsken (40,8 % fan de befolking) Iersk prate. Der binne net mear as 70.000 minsken dy't it Iersk as memmetaal ha, mar dy't it net elke dei brûke. By de folkstelling fan 2006 seinen 53.471 minsken dat sy elke dei Iersk praten.

Foarbyld

Frysk wêr njoggen fjouwer blom nuddel tiid read lju fiif
Iersk fír nói cethir bláth snáthat aimser ruad - -